Pakes comeback (51)

july 23, 2020 08:00 Fernijd
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Sytske: (ropt:) Nynke! Hei-eit! Wêr binn’ jim?… Kom asjebleaft werom!… We moatte ommers nei it sikehús! Oars komt it net goed! Heit! Yn de goedichheid, kom werom!…

O, asjebleaft, Nynke, ik wol dy net kwyt! Ik sil in bettere mem wêze tenei!… Ha jo it heard, heit? Ik sil better myn bêst dwaan. Ik wol alles wol belove, heit! Of hoe neame jo dat; ûnthjitte! En ik sil tenei altyd nei jo lústerje, heit! Ik bedoel harkje. We sille der in gesellige húshâlding fan meitsje! Mei mear oandacht foar elkoar! Sorry, ik bedoel omtinken! En de mobile telefoans gean daliks de ôffalkontener yn! Ik bedoel it jiskefet! En we begjinne in aksjegroep tsjin it ôfbrekken fan moaie âlde gebouwen! En tsjin it asfaltearjen fan de natuer! En tsjin it drokke ferkear! Of daliks mar tsjin de hele moderne tiid! En ik jou myn psycholooch dien! En ik wurd selibatêr. En we gean allegear op Fryske les! As jo myn famke mar werombringe!

Se ferdwynt ek achter de gerdinen. De ein fan it tredde tafriel.

 

Fjirde tafriel: justjes letter

As de gerdinen wer iepen gean, is it tsjuster op it toaniel. Ien doar stiet yn it ljocht. Sytske strompelet oer it toaniel. De doar giet iepen en pake stiet yn de iepening.

Pake: Sjoch ris wa’t dêr oanstuteljen komt. Och heden, famke, do bist aardich efter de pûst.

Douwe draaft by pake del nei Sytske ta.

Douwe: Mem! Ik hie wol gelyk! (hy falt har yn de earms)

Sytske: (swier sykheljend en skjin ynein) Ja, ik bin op it lêst ek mar dat paadsje fan dy yngien.

Douwe: Nee, mei pake, bedoel ik. Hy hie wól in oplossing betocht!

Sytske: Wier?

Pake: (glunderjend) Dit is no de pleats fan boer Braaksma. (Hy makket in earmgebeart) Dy stiet der noch. En, noch singelierder, hjir wennet in omkesizzer fan him. It lân is der net mear fansels. Dat stiet no fol mei huzen, jimmes stiet der ek op. Mar Sybe, kom ris foar it ljocht, jong, (in man stapt nei bûten) hat hjir in bedriuwke, hy is ûnder oaren ymker. En syn frou is húsdokter, mei de praktyk yn it eardere bûthús. In ideaal stel om Nynke te helpen, hie ’k sa betocht.

Sybe: (skoddet Sytske de hân) Sybe Braaksma, oangenaam.

Pake: Ik hie ferwachte dat de âld pleats ôfbrutsen wie, mar hjir stiet er noch, ferskûle tusken de ryddiken, net iens sa fier fan jim hûs ôf, mei de auto rydst om ’e nocht hiele einen om. Okkerdeis bedarre ik hjir op ien fan myn kuiers mei Bijke en doe rekke ik mei Sybe yn ’e kunde. Wy ha altyd wol aardich praat, benammen oer eartiids. Do witst dat ik oates en toates wie mei de âldboer (hy jout Sytske in fette knipeach).

Sybe: It komt allegear goed mei jo dochter, hear, de frou is by har. Dy wit krekt wat se dwaan moat, want ik ha geregeld ek sokke problemen. Dêrom ha we de kast fol mei medisinen tsjin ynsektestekken. Se hat in fikse doasis epinefrine en tavegil krigen en it bekomt al aardich. Mar it wie in knikkert op ’e kant. Wês mar wiis mei jo heit en bliid mei syn netwurk.

Sytske: (falt pake yn de earms, Sybe lûkt him diskreet werom) O, heit, it ha sa’n spyt fan wat ik sein ha.

Pake: Wat bedoelst, famke?

Sytske: No… eh… wat ik sei… sakrekt… yn de auto.

Pake: Niissajustjes? O, ik hie de kop net hielendal by dyn ferhaal, want ik siet oer in útwei te prakkesearjen. En doe’t ik foar it ferstân krige wêr’t wy krekt wiene, ha ’k it my mar net mear oan tiid dien om it allegearre út te lizzen. Mar wat hast dan sein, jù?

Sytske: Eh,… no… lit mar…

Pake: O, no, goed. O, ik miende al wat op te heinen oer datst noch earne hinne woest of sa, jûn? Mei my, bedoel ik?

Sytske: O, datte… nee, dat wie gjin mienen, hear, wier net. Ik,… doe’t ik hjir sakrekt omtoarke, mealde myn hiele bestean my troch de holle. En… no ja, by eintsjebeslút wol ik it yn myn libben tenei hielendal oars oanpakke.

Pake: Haha, hielendal oars? Dat rêdst nea op. Mar in pear dinkjes, dat soe al prachtich wêze, fansels.

Yllustraasje: Dinka den Hollander

(moarn fierder)

july 23, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.