Pakes comeback (50)

july 21, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: No, hoechst net sa grimmitich te dwaan. Wy moatte op sa’n stuit net begjinne te hottefyljen, dat wurket earslings.

Douwe: Ja, ik hè gjin nummers fan dokters en sa. Hjir op it portal stiet wol in e-mailadres, mar dat giet no net snel genôch. Oh man! (op syn Ingelsk útspruten) O, hjir stiet noch wol in oar spoednummer.

Pake: Ik leau dat Nynke it sykheljen net mear sa bêst ôf giet.

Sytske: (draait har heal om op har plak en âlet) O, myn famke, myn famke! (Dan draait se wer nei it stjoer en begjint fan klearebarre ûnmacht te toeterjen.)

Lûdsprekker: (Douwe drukt wer wakker op de knopkes en de toantsjes klinke wer troch de lûdsprekker.) Dobry wieczór. Co mogę dla pana zrobić?

Sytske jout in ôfgryslike gjalp. De auto’s om harren hinne begjinne no allegear werom te toeterjen.

Dat bliuwt sa, de rest fan dit tafriel.

Pake: Ja, hjir komme we fierder mei.

Sytske: Och, keardel, hâld dy de grutte bék doch ris in kear tícht. In bytsje kommentaar leverje fanôf de achterbank. En wa syn skuld is dit einliks, hunh?

Pake: Hoe bedoelst?

Sytske: (hielendal hystearysk) No, wa hat dy barbecue betocht? Hunh? It is allegear dyn skuld. We hiene dy noait yn ’e hús nimme moatten. En ik wyt net oft wy hjoed noch yn it sikehús komme, mar ien ding wyt ik wol, smoarge âldkeardel, wy ride jûn noch troch nei it bejaardehús en dêr soal ik dy derút en dan wol ik dy foar myn eagen net mear sjen.

Pake seit neat, docht de doar iepen, sleept Nynke nei bûten ta en set de sokken deryn. Sytske wol efter him oan, mar sit noch yn de riemen. Se wrakselet dermei, docht de doar iepen, mar sakket dan telider slein wer op de stoel werom.

Sytske: (suchtsjend) Ik sjoch hun net mear, se binn’ fuort, weiwurden yn de skimer. (slacht de hannen foar it gesicht) O God, no is alles ferlern. Wat ha ik dien, wat ha ik sein?

Douwe: S-soe hy net in plan hè?

Sytske: (sjocht skean fan siden) Tinkst dat?

Douwe lûkt oan de skouders.

Sytske: Ik bin bang dat er him spinnidich ôfjûn hat en… (se begjint ferheftich te snikken)… en gewoan om my te treiterjen myn leafste famke meinaam hat. En no moat dy earme stumper it belije.

Douwe: S-soe er net toch wat betocht hè?

Sytske: Ach, wat soe it. (se sjocht wer skean nei Douwe) En do leaust it ek net, as ik dy sa ris besjoch. Fan ’t maitiid wied er in skoftke dyn grutte held, mar dat hat net folle langer duorre as datst normaalwei mei in kompjûtergame takinst, wol ’k leauwe.

Douwe sjocht beteutere.

Sytske: (jout wer in gjalp en timmeret op it stjoer) It brânt my hjir yn, ik móát hjir wei, ik hâld it net langer út. It stiet hjir sa fêst as in hûs, dat ik gean rinnende fierder. En as it aanst wer rydt, dan ride se mar om dizze wein hinne… of net… it tsjakt my ek allegear niks mear. Giest mei?

Se stappe út.

Douwe: Ik tocht dat er hjir de berm yngong. Sjoch, dit liket wol in paadsje.

Sytske: Nee, dat leau ik net. Folgens my is er fierder rûn, by de dyk langes.

Douwe: No, it tocht toch echt… ..

Sytske: Gean do hjir mar yn dan, ik rin wol fierder.

Douwe ferdwynt achter it gerdyn en Sytske drafket troch de seal. It getoeter wurdt minder.

Yllustraasje: Dinka den Hollander

(tongersdei fierder)

july 21, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.