Pakes comeback (47)

july 16, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Yllustraasje: Dinka den Hollander

Nynke: Mar toen kaam Mr. Right! Aiaiaiaiai, alles wie right an him… Watte?… Jeffry, nee dy trysteling wyt noch fan niks fanself, ik woe dý earst om raad freegje… Nee, chill effe, ik sol earst even fertelle hoe’t er derút sjocht. Gean der mar even foor sitten.

Pake: En jim hâlde dochs fan rûge taal? No, dan hast kar-út mei it Frysk. Dêr kinst omraak mei flokke en skelle en it sa raar opsizze dat de ein derfan wei is. (hy skrillet op, as Nynke dan einliks, mar sûnder te sjen har stik fleis pakt) Bliksem Pibe! De deaker! Nynke, oksebolle dy’tst biste, der sit in waps op dyn fleis. Net yn de mûle stekke, deales fanke. Nynke!

Nynke: Okee dan, hy is swart. Nehee, net allinnich syn hier. Alles! Helemaal blaka… .ja. kickuh, joh! No, hy het fet lauwe patas an fanself… duh, dy oare merken kenne ommers écht net mear. No ja en fierders helemaal gothic.

Tergjend stadich bringt se it fleis – as wie it in stik bôle – nei de mûle ta, hielendal opgeand yn har petear.

Pake: Nynke, tink om dy waps. Ferstiest my net? Der sit in brims op dyn fleis! In ealjebij!

Nynke: En hy praat leuk! Hy seit de hiele tiid fan fawaka. En ik bin in topmoppie en in chickie en dan wer syn smatje en syn tanga en syn sugababe. En hy fynt myn pangpang better dan nippie!

Pake: In meeps! Fergeemje! Blikstienders fanke, snapst my no noch net? In ilebij, ferjamme. In weps! Wacht, ik kom deroan!

Mar it is al te let. Nynke stekt it stik fleis yn de mûle en dan springt se fan de stoel en begjint te âljen as in baarch dy’t slachte wurdt. De oaren springe no ek oerein. De hûn begjint te blaffen. De telefoans falle op ’e grûn. It gerdyn giet ticht: de ein fan it earste tafriel.

 

Twadde tafriel: in pear tellen letter, yn de tún

Yn de tún is allinnich noch de hûn dy’t it fleis fan de boardsjes ôf yt.

De tv tetteret noch en út twa telefoans komt: “hallo?… hallo?”

It gerdyn giet nei in heale minút al wer ticht: de ein fan it twadde tafriel.

 

Tredde tafriel: in pear minuten letter, mei-inoar yn de auto

(kin foar de tichte gerdinen of yn in fierders tsjuster dekôr).

Sytske rydt, Douwe sit neist har te beljen. De oare beide sitte op de efterbank. Nynke sit mei de hannen oan de kiel en snokkeret it hiele tafriel en pake popket wat mei har om.

Sytske: Hoe liket it Douwe?

Douwe: Ja, sssst, bitch my net, no hè ’k it net goed ferstong. (Hy drukt senuweftich op syn telefoantsje om.)

Sytske: Wat dan?

Douwe: Lústerje mar, ik set em wol even op de lúdsprekker.

Hy drukt op in knopke en dan is foar elkenien te hearren wat der oan de oare kant fan de line sein wurdt:

Lûdsprekker: Dit is het antwoordapparaat van dokter Van der Bij. De praktijk is op dit moment gesloten. U kunt ons bereiken op werkdagen, tijdens kantooruren. Bij noodgevallen buiten kantooruren kunt u contact opnemen met de centrale huisartsenpost, nummer twee-acht-vier-acht-twee-zeven-acht.

Sytske: twa-acht-fjouwer-acht-twa-sân-acht.

Douwe drukt wakker op de knopkes, de toantsjes klinke troch de lûdsprekker.

Lûdsprekker: Dit is het antwoordapparaat van de centrale huisartsenpost. De centrale huisartsenpost is op dit moment niet bereikbaar. De centrale huisartsenpost is alleen ’s avonds en in de weekeinden bemand. Tijdens kantooruren verwijzen wij u naar uw eigen huisarts.

Sytske: (Slacht út frustraasje op it stjoer) Wat ís dit!

Douwe: Wat no?

Sytske: Belje it sikehús mar, dan ride we dêr daliks hinne. Shit, dan moat ik hjir yn. Se skuort oan it stjoer en de bannen piipje)

Douwe: It nummer fan it sikenhús stiet net yn myn telefoangids. (Hy tikket wer wakker.) Oh man! (op syn Ingelsk útspruten)

Lûdsprekker: (kompjûterstim) Dit informatienummer kost zeventig cent per minuut. De gemiddelde wachttijd bedraagt op dit moment ongeveer …7 … minuten … en … 53 seconden.

(moarn fierder)

july 16, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.