Pakes comeback (43)

july 9, 2020 08:00 Fernijd
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Ê, der is nó al hope, famke. Der is wurk by de rûs. We hâlde inoar hjir ommers allegearre wol warber mei dy papier hinne-en-werskowerij. En as der net genôch briefkes binne om mei om te pankoekjen, reorganisearje we de hiele blikstienderse boel wol wer; sa bliuwe we hieltyd wat yn ’e skrep. Mar we kinne likegoed sûnder dy pielerij fansels. Sjoch mar by jim op kantoar. As jim oare wike ophâlde soene mei jim genifel, fernaam net ien it. Dus it is wipwap en helje bûtenlânske wurkkrêften dit út om hjir ek noch ris oan dy wurkferskaffing mei te dwaan. Eartiids, doe wie der nochris ferlet fan wurklju. Benammen yn sa’n neisimmerskoft, lykas no, hiene we o sa’n soad by de ein. Dat wie de twadde ûngetiid. Wat ha wy wol bealige om it hea op ’e tiid yn te krijen as wy it swurk al driuwen seagen. En dêrnei teagen we wer nei ús kampke bou foar de rispinge. Wat ha we wat ôfskrept. We krigen sokke tiden gjin wink yn ’e eagen. Mar dat lette neat. Dat wurk hie teminsten doel. Jim moatte dy blasten fan ma-na-gers ek mar ris it lân yn stjoere om jirpels te roaien of sa, kinne hja ris fernimme hoe’t it fielt om mei echt wurk teset te wêzen ynstee fan al den dei wat te skobberjen fan ús sinten. Dat sil dy roppers en razers ris omstean leare. Moatst daliks mar ris sjen, yn dit programma, dan ha hja it oer… oong, Douwe hat al wer trochknipt.

Douwe: In tijger! Fet need! Ik wol oar jier op safari om tijgers yn it wyld te sjen. Dat is pas stoer. Dan sms ik de hiele klasse in foto fan my mei dy tijger. Dan bin ik yn ien kear in megabink. Noait mear in looser, wat sol dat gaaf wêze. Mar we mutte al opsjitte want hy stjert hast út.

Pake: Dan kinst it better tichter by hûs sykje en lit dy mei de lêste skries portrettearje. Dy is ek hast útstoarn en foar de ferstedske bern by dy yn de klasse faaks minder bekend as in tiger. Of ik wit it noch better, gean mei my op de foto, as ien fan de lêsten op dizze planeet dy’t noch in bytsje normaal Frysk prate kin.

Sytske: Eh, moatte jo it fleis net yn ’e gaten hâlde?

Pake: Blikskaters. (hy stoot der hinne en draait de lapkes om) It giet aldergelokst noch goed.

Douwe: Mar ja, wat must dan fierders mei dy fekânsje, dy oare beesten hè we allegear al faak genôch sjoen. (hy knipt en dan komme der sjitgelûden út de telefyzje)

Pake: (giet wer sitten) O, Irak. Hoefolle deaden binn’ der no wer? Och, ik wol it ek net witte. Wat dochst hjir einliks mei dat healwize ding. Wy soene hjir dochs wat rêstich fleis briede, en no komst my hjir wer mei dy lawaaibak oan.

Douwe: Okee. Dat is wol in kankercoole fakânsjebestemming foor oar jier. Dêr is it teminsten retespannend!

Pake: Bist no hielendal net wiis wurden? En mei de skonken foarút weromkomme, tink? Sis der ris wat fan, Sytske. Hunh? Wat silst mei dy telefoan. Moatst no wer skilje? It earste fleis is hast klear, hear.

Sytske: (wylst se in nûmer kiest) Ik sil noch even in kollega belje.

Pake: Ja, mar we ha no dochs hjeljûn!?!

Sytske: Troch al dy toestannen hew ik behoefte oan noch wat feed-back.

Pake: Wat is dát no wer?

Sytske: Ja, mei Sytske. Hast even tiid? Want ik woe it wol graach even mei dy hewwe oer projekt K21 en foaral ek myn rol dêryn. (se rint wat fierder de tún yn, trêdet senuweftich hin en wer en is earst hast net mear te ferstean; sa no en dan hearre we tusken de teksten fan de oar troch wol ris fan:) ja, ja, … . hm, hm,… … nee,… .nee, fanself net (ensfh.)

Douwe: (bliuwt nei de telefyzje sjen) Feed-back. Se wol hearre wat in oarenien tinkt oer har funksjonearen en sa.

Pake: O, se wol kommentaar. Mar kommentaar fan my stelt se ornaris net op priis.

Douwe: Dat komt omdat jo sa âlderwets tsjin ús dingen ansjogge. Mar op sokke feed-back sitte wy net te wachtsjen.

Pake: Dan tinke jim earder fan hâldt-dy-de-bek, tink.

Douwe: Jo soenen wol wolle dat wy werom gean nei froeger.

Yllustraasje: Dinka den Hollander

(moarn fierder)

july 9, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.