Pakes comeback (41)

july 6, 2020 08:05
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Nee, hear. Ik ha in beam fûn, hjirre tusken de huzen, dy’t noch by Brimsma op it hou stie. Dat no hoegde ik der net mear foar te hofkesjongen, lykas doedestiids.

Douwe: Koenen jo toen sa moai sjonge dat se jo derfoar betellen mei parren?

Sytske: (laitsjend) Nee, jù, sleauwe, hofkesjonge is fruit stelle.

Pake: En de toarnbeien ha ’k lykas eartiids opgarre by de âlde trambaan, dy’t no in fytspaad is.

Douwe: Wat space jo no allegear wer? Wat foar beien?

Sytske: Brommels.

Douwe is út sms’t en giet yn ’e hûs.

Pake: (yn de fierte stoareagjend) Dochs hiel apart, sa’t dy beam en in pear ienlike struken stean bleaun binne, wylst de hiele wrâld deromhinne feroaret. O, bliksem, it fleis kin derop.

Hy giet stean en begjint it ien en oar by de barbecue te berêden. Fansels komt Bijke derby.

Pake: Nee, Bijke, do moatst efkes wachtsje. Aanst sil der wol wat foar dy oerbliuwe. (Oer it skouder:) Tink om de wapsen, hear Sytske, want dêr tilt it hjir fan op, op ’t heden. Nee jù Bijke, jou dy ôf. Bijke, wat sis ik dy no. Pak op. Gean mar nei Douwe ta.

Douwe komt der wer oan, no mei in draachbere telefyzje yn de hân en Bijke stoot op him ôf.

Douwe: Áf, Bijke. Sít. Nee, líg, ga maar líg. (Dat docht it bist) Goed zo, braaf. Ja, braaf.

Pake: Wat sille we nó wer krije? It is in Fryske stabij hear, dy ferstiet wier wol Frysk.

Douwe: Ja, mar op de hondetraining leare we de kommando’s yn it Nederlâns.

Pake: No moat it dochs net healwizer wurde.

Douwe: Talk to my hand.

Pake: Wat seiste?

Douwe: Praat mar tsjin myn hân.

Pake: Kin dy wol normaal werom prate, dan?

Douwe: Lekker belangryk.

Pake: En hat dat no sin, sa’n hûneskoalle? Kinst net better ris mei Bijke wat troch it gea strune? Dat dochst ek noait mear. Dan kinst dy ris wat fertrêdzje en genietsje fan de natuer, alteast fan de kromkes grien dy’t yn dizze kontreien noch net oan ’e kant reage binne foar huzen en asfalt.

Douwe jout gjin antwurd, set de telefyzje del en set him oan. Dêrnei giet er sitten en knipt wat mei de ôfstânsbetsjinning, wylst de oaren trochprate. It leven fan de telefyzje is net al te oerhearskjend.

Sytske: Jo lykje wol hieltyd fûler te wurden op dat Frysk. Hearde ik jo no lêsten ek al mei de buorfrou Frysk praten?

Pake: (komt der wer by sitten) Ja, dat kin wol, mar dat wol hjasels, hear. Hja hat dêr o sa’n aardichheid oan. Neffens my wurd ik net fûleindiger, mar wurde jim sleauwer. As it sa trochgiet as no, hat dy ymport aanst allegear Frysk leard, mar prate de Friezen it sels net mear.

Sytske: Jo oerdriúwe de dingen altyd sa.

Pake: Ik wit net, Syts, ik wit net… Ik soe wolle datst gelyk hiest. En, Douwe, is der noch wat op?

Douwe: (Wylst er fierder knipt) Neuh, it boeit allegear net.

Pake: Wêrom dochst dat ding dan oan?

Douwe: Och, ik fyn it wol relaxed. In bytsje sappe. Hoef ik net te lullen.

Pake: O, lit ris stean. Dizze stjoerder sjoch ik wolris nei.

Douwe: National Geographic. It sufste kanaal wat der by is.

Pake: Dat begryp ik net fan dy. Do reizgest ommers de hiele wrâld oer ast dêrnei sjochst. Hoechst nearne mear hinne, kinst it allegearre moai út dyn loaie stoel wei besjen.

Douwe: Êh no jù, op de measte plakken bin ’k al weest.

Pake: No, do hast yn dyn jonge libben hiel wat mear fan de wrâld besjoen as wy, mar no oerdriuwst dochs wat. (Hy sjocht efkes skean nei Sytske) Mar dy eigenskip hast net fan in frjemd, wol jim mem ha.

Yllustraasje: Dinka den Hollander

(moarn fierder)

july 6, 2020 08:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.