Pakes comeback (40)

july 3, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Der is in skel lûd fan gierende remmen. Douwe sjocht net op fan syn SMS-akitiviteiten.

Pake: Dêr sille we Nynke ha. Dan sil ik gau de brân deryn stekke (Dat docht er) Hja sil wol ta wêze oan in streksum miel. Moai no, dat hja der nochris by wêze kin. Dy sil dêr aanst wol gauris yn de wykeinen bliuwe, ha ’k noed. Ik bin benijd hoe’t har yntroduksjewike wie. Dat is fansels wol hiel wat oars, sa’n universiteit.

Douwe: No, ik tink oars dat se net folle fan de universiteit sjoen hat. Sa’n introduksywike is altyd ien grutte braspartij.

Pake: Fernim ik faaks in bewyske oergeunstigens by dy? In bytsje feestfiere en wat omdjoeie en sa út en troch wat op ’e flitter en sadwaande wat mei-inoar yn ’e kunde komme, dat heart der ek by, mar dat is fansels net it iennichste. Ik bin der wis fan dat hja in hiele slompe tige nuttige ynformaasje krigen hat.

Douwe: No, nei wat ik derfan hè heard, ontaardet dat yn ’e kunde kommen fan jo yn ien grutte orgy. En der wurde slompen sterke dránk slempt.

Nynke (bleek sminke) komt troch de hûs de tún yn..

Douwe: Hé, slettebak.

Nynke: Ach, lullo. (Se falt yn in túnstoel del)

Pake: Goemiddei, Nynke, gesellich dat myn tsjeppe jongfaam der wer is. Wat wolst drinke?

Nynke skodhollet en docht har earm heal omheech, yn in flau ôfwarjend gebeart.

Pake: (Sjocht har ûngerêst oan) Krammele, famke, wat hasto in minne skôging, no’t ik dy ris goed besjoch, do bist hielendal wyt om ’e noas. Do likest my net rjocht halich, hear. Bist dochs net beklomme? Moat ik in dokter skilje?

Nynke sjocht in bytsje helpleas nei Douwe dy’t begjint te laitsjen.      

Pake: Silst wol net goedernôch iten hân ha, dêre by dy studinten. En bist sa wurch as in maits, sjoch ik wol. Moatst hjir mar wer wat oansterkje. In pear goeie lapen fleis sille wol fertuten dwaan.

Nynke kokhalzet mei tichte mûle, har wangen bolje en se spat nei binnen ta, by Sytske del, dy’t krekt wer nei bûten rint. It sin liket no better, want se laket. Se hat in blêd mei stokbôle en salades by har.

Sytske: No, dy hat har wol fermakke dêre, sa te sjen.

Douwe: En ’m goed rakke.

Pake: (brommerich) Wat is my dat no wer foar nuvere ôfwaaide praat fan jim. It famke is ommers heal. Se sil har dochs wol goed klaaid ha, dêre? Yn dizze tiid fan it jier moatst goed oppasse, men kin it soms samar wei krije. O, do hiest myn slaadsjes al fûn?

Sytske (set it blêd op tafel en giet suchtsjend sitten) Ja, ik moat ek mar ris in algehiele check-up hewwe.

Pake: In watte?

Sytske: In check-up. Ik wol my ris helendal neisjen litte. Want ik fiel my net sa gesond.

Pake: Bist dochs net yn de pogge?

Sytske: Nee, dat is it net, it is mear in algeheel malaisegefoel.

Pake: Ê je, net te folle oan tinke, dan betteret it fansels wer oer. Mar do koest sachs ris wat mear bewege. Dy oardel kilometer ekstra fytse oer dat kostlike paad hie dy hjoed oars ek wol goed dien. Hiest moai in bytsje bekomme kinnen fan alle alteraasjes op it wurk.

Sytske: Ja, mar moarns moat ik hastich om net te let op it wurk te kommen en jûns moat ik wer opsjitte omdat jo it iten altyd sa op ’e tiid klear hewwe.

Pake: Of lit de hûn sa út en troch ris út. Ik strún somtiden wol oeren mei Bijke troch de omkriten, hjirre.

Sytske: Dat kin ik der allegear net by hewwe, hear. Jo hewwe it de hele dei oan tiid, mar ik hew in baan. Ik kom der gewoan net oan ta. As ik dat ek noch dwaan moast, skeat ik hielendeal yn de stress.

Pake: Ê je, sa’n kuier mei de hûn jout ommers krekt rêst. En fierders moast gewoan goed ite en drinke en betiid op bêd, dan komt dy neat oer. Nim mar wat fan dizze fruitsalade. Spesjaal foar dy makke, want it is net allinnich lekker iten, mar ek o sa sûn. Der sitte parren yn, dy’t ik plôke ha yn it hôf fan âlde boer Braaksma.

Sytske: No komme jo yn de bernskens, leau ik.

(takomme moandei fierder)

Yllustraasje: Dinka den Hollander

july 3, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.