Pakes comeback (39)

july 2, 2020 08:00 Fernijd
Klik hjir foar de foarige ôflevering

Sytske: Doch net sa flau.

Pake: No, dat ferstie ik. Do begjinst ek sa sêft te puollemûlkjen.

Sytske: Óutsóurced.

Pake: Ja, ja. (hy jout net de yndruk dat er it snapt) En wat hâldt dat yn?

Sytske suchtet en sjocht him wurch oan.

Pake: Foar dý, bedoel ik?

Sytske: No ja, dat is dan ôfwachtsjen. Mar ek as der net outsourced wurdt, bliúwt foar my it probleem dat ik gjin projekten mear ha. (no begjint se te flústerjen) Dat ik bin bang dat ik aanst boppetallich bin.

Pake: Boppetallich, hin? Hm, ja, ja, boppetallich (ek dat wurd liket er te priuwen, mar ek dizze kear helpt dat net) No ja jù, salang at se dy mar net dien jouwe, want dan soe der gjin rie ta wêze.

Sytske jout in gjalp en draaft de hûs yn, wylst Douwe der krekt wer út komt.

Douwe: Wat het dý no?

Pake: (mompeljend) boppetallich, boppe…

Douwe: Hin? (Hy giet by pake sitten)

Pake: Boppe har teewetter, dat sil it wêze, dat pilske hie se net ha moatten.

Douwe: Hin?

Pake: No ja, hja is oerémis. As ik it goed foar it ferstân krigen ha, hat se it net op ’e tiid oprêden en romje de burokrasy op, dat no hinget har boppe de holle dat se ôfsâlte wurdt.

Douwe: Hin?

Pake: Ja, of in Ingelsk wurdt dat dêr op liket. Hm. Ik haw it op in pypfol, as lju mei Ingelske wurden begjinne te smiten. It bin faaks in erchtinkend âldman, mar dochs krij ik by sok taalgebrûk it gefoel dat it krekt nét de bedoeling is dat de minsken it snappe. Krekt as boppetallich. Dat klinkt dan noch wol Frysk, mar ik haw it wurd nea earder heard en dat stean ’k net. Dêr wolle dy slûchslimme gnypske smjunten by har op it wurk eat mei bemantelje, dat wik ik dy… boppetal… (hy skrikt) Och heden Hidske! Se bedoele fansels óerstallich. Dêr’t ik sa’n wurd om sis. Ik bedoel, dat wurd woene se no krekt net sizze, no begryp ik it. Dat betsjut dat se,… och, leave santjin. Dêrom is jim mem sa kiezzich. Hja sjocht it swurk driuwen.

Douwe: Krijt se de sek?

Pake: Ja, litte we hoopje dat se noch in pûde jild mei kriget, ja, as se wier dien kriget. Mar, eh, no jù, (hy giet stean) we sille de turven der ris efkes opgoaie. (Hy rint nei de BBQ, hellet no it roaster derôf, pakt in pûde mei briketten en docht dy deryn)

Douwe: Mar hoesa dan? Hy pakt syn telefoantsje en begjint derop te tikjen.

Pake: Ja, dêr fregest my wat. Sa’n kantoar, dat is in hiele aparte wrâld. It liket wol as hawwe se dêr in oare werklikheid as wy.

Douwe: In firtuele werklikheid? In fiifde dimensy?

Pake: Hoe’tst it ek neame wolst. Mar miskien mear lykas by dyn spygelogy-skripsje. Hoe neamdest minsken ek al wer dy’t it kontakt mei it normale libben ferlern hawwe?

Douwe: Psychotisch?

Pake: Psygoatysk. Dy ma-na-gers (hy sprekt it wurd krekt út sa’t it skreaun wurdt) binne psygoatysk. Se hawwe in skynwerklikheid fan protokollen en prosedueren en prosessen en formulieren en sa kreëarre en dat is, safier is it hinne, sa’n tizeboel wurden dat net ien dêr mear wat fan snapt. Normaal let dat neat, want salang’t de burokrasy dêre himsels mar wat yn beweging hâldt mei it hinne en wer stjoeren fan briefkeboel is der in soartemint fan lykwicht en hat net ien dêr lêst fan. It kostet in knoarre jild fansels, mar hawar, der binne ek kloften minsken fan de strjitte. Mar no is it systeem wat út balâns rekke en no kin dy skynwerklikheid dochs ynienen syn wjerslach hawwe op it gewoane libben en dêr de boel yn ’e bulten jeie. No kin samar, omdat it papier de ferkearde kant út streamt, of sokssawat, jim mem ynienen dien krije. No, ha ’k dat net moai opsein?

Douwe: Ik snap der oars net folle fan. Wat jo earst seinen fûn ik dúdliker. Seine jo dat Sytske de burokrasy woe oanpakke? Soenen dy managers har dat net kwalik nimme?

Pake: Hm. Dêr seist my wat. Dy pûlfinkjende ma-na-gers (wer) wolle fansels harren eigen luzige baantsjes hâlde. Mar dat raast dochs hielendal oan de protters! Sa moatte de goeien it belije en hâldt de jildfergriemerij ommers nea op.

(moarn fierder)

july 2, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.