Opstap nei de Brede Maatskiplike diskusje oer it Frysk

july 7, 2020 10:21

Sa’t it him no oansjen lit, sil der begjin takomme jier úteinset wurde mei de earder oankundige Brede Maatskiplike Diskusje oer it Frysk. De opstap is in unike gearkomste mei muzyk, drama, ynfo en diskusje dy’t yn de Trynwâlden holden wurdt. Dielnimmers binne in represintative rûnte fan tritich jonge minsken, rûchwei tusken 18 en 30 jier. Dy sille gear oer fragen lykas: Sil it Frysk bliuwe? Hoe kinne en wolle wy dan yn de jierren dy’t foar ús lizze dy taal brûke? Wat ferwachtsje en akseptearje wy fan it ûnderwiis, de provinsje en de gemeente wat it Frysk oanbelanget?

De gearkomste is in test. Wannear’t de resultaten oansprekkend binne, krije dy in ferfolch yn in grutter opsette “Brede Maatskiplike Diskusje Frysk” oer de takomst fan de Fryske taal. Dy ‘BMD-Frysk’ sil dan rûnom yn de provinsje holden wurde.

De organisaasje fan dizze test is yn hannen fan de stichting “BMD-Frysk”. De kosten wurde droegen troch it Roelof Geertsma Fûns en de Provinsje Fryslân. De Ried fan de Fryske Beweging is benijd nei de útkomsten. It hie oars yn de maitiid fan 2020 wêze sillen, mar de koroanaperikels makken dat ûnmooglik. Der wurdt no ynset no op de maitiid fan 2021. De tariedingen binne wol begûn.

Mear ynformaasje:

  • Rimmer Mulder, foarsitter st. BMD-Frysk, 058-2886144
  • Willem Verf, skriuwer, 0511-421197.
july 7, 2020 10:21
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Ed Knotter july 7, 15:23

    Wat wurdt bedoeld mei de (kearn)fraach: Sil it Frysk bliuwe?? Ik wol graach goed begripe wat ik lês: wêr ferwiist dat ‘it’ nei? Wat moat Frysk bliuwe? It ûnderwiis? Moat it ûnderwiis Frysk bliuwe? It ûnderwiis is no net sa Frysk, dat it sil wat oars wêze moatte. Moat it lân, (de provinsje) Fryslân Frysk bliuwe? Soe kinne. Moat it Fryske folk Frysk bliuwe? Sil it libben hjir Frysk bliuwe?
    It is ûngelokkich útdrukt.

  2. Abe july 7, 16:08

    Minsken te freegjen oft in taal ‘bliuwe’ sil, hat yndie formeel besjoen gjin sin; de glêzen bol dy’t wurket is noch net útfûn en leit net by de Blokker. De funksje fan dizze fraach is it oanjaan fan it negative perspektyf dêr’t minsken in reaksje op frege wurdt. Der is in tastân, dy tastân is yn gefaar, wat ha jo der foar oer om it gefaar te kearen? De ferlieding dy’t fan de fraach útgiet is dat elk foar himsels bepaalt hoefolle belang of nut hy der sels by hat, as er in ynspanning leverje moat om de neamde tastân te ferbetterjen of it neamde gefaar te kearen. It ferrifeljende fan de negative fraachstelling is syn karakter as ‘selffulfilling prophecy’, want minsken relatearje belang en nut yn ‘e regel foar in grut part oan wat yn bredere rûnten as belangryk en nuttich sjoen wurdt. Ergo: sjoen it feit dat de maatskippij yn Fryslân mient foar it grutstepart wol sûnder it Frysk te kinnen, sil de negative fraachstelling net bydrage ta in diskusje dy’t útrinne kin op in better plak foar it Frysk.

  3. Frans Kuipers De Kamp 14 9231BR Surhuisterveen july 8, 19:29

    Goeie saak dat der in petear komt mei de jongerein oer de wearde fan it Frysk foar harren.

  4. Th. Dykstra july 8, 21:50

    Sil it Frysk bliuwe? Sille der greidefûgels bliuwe? Sil der in Fryske mienskip bliuwe?
    De fraach stelle is him benantwurdzje. Nee as wy mei-inoar it Frysk/ de greidefûgels ensfh. moedwillich gjin kânsen jaan wolle as in saak fan kulturele rykdom, dan is it antwurd gau makke: It kin der ek sûnder. Mar is dit no in brede maatskiplike diskusje oer it Frysk? It liket mear borrelpraaat te wurden sûnder kennis fan en ferantwurdlikheid foar dy taal en kultuer.

    Foar in brede maatskiplike diskusje is mear tarieding nedich en dêr liket it no net op. Soks kin ek net taret wurde troch in twatal bestjoersleden. Dêr is de saak te kompleks foar en freget in ûnôfhinklike ynstek.

    Op himsels soe in brede nmaatskiplike diskusje oer it Frysk sinfol wêze kinne. Allinne dan moat soks yndied breed opset wurde en wittenskiplik ferantwurde. .

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.