Oprop: koroanawurden

july 26, 2020 21:44

Al in pear moanne giet in soad nijs oer de koroanasykte, ek op itnijs.frl. De redaksje moat in soad oant no ta ûnbekende wurden yn it Frysk oersette. Soms wurdt dan it Nederlânske wurd gewoan wat oanpast, soms betinkt de redaksje wat en inkeldris blykt der ek al in Frysk wurd te bestean.

Wy roppe ús lêzers op om mei te tinken. Wat binne gaadlike wurden om yn it Frysk te brûken? Hjirûnder steane in pear Nederlânske wurden dêr’t noch wol in kreaze Fryske oersetting foar komme mei, mar jim meie útsoarte ek sels koroanawurden betinke. Wurden dy’t ús wat talykje, sille wy tenei brûke.

anderhalvemetermaatregel
covid-19 (no al yn gebrûk as ‘de koroanasykte’, ‘koroana’ en ‘de Sineeske trudzje’)
desinfectiemiddel
IC (Intensive Care)
het nieuwe normaal
lockdown (mei ek wat frijer: ‘in lockdown zijn/gaan’)
noodverordening
Outbreak Management Team
pandemie
positief/negatief testen
quarantaine(plicht)
RIVM
social distancing

july 26, 2020 21:44
Skriuw in reaksje

1 opmerking

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.