Op elk ministearje twa ministers?

july 15, 2020 13:07

Jan Jambon (foto: Paul van Welden / Wikipedia, CC BY-SA 4.0)

België hat folle mear ministers as oare lannen. Dat komt trochdat net allinnich it lân as gehiel in regear hat, mar ek de lânsdielen Flaanderen, Walloanië en Brussel – en dêrneist ek noch de Frânske en de Dútske taalmienskip. De Nederlânsktalige mienskip hat syn eigen regear gearfalle litten mei dat fan Flaanderen. Mei-inoar hat België likernôch sechtich ministers.

Trochdat de ministers ek net oeral deselde ferantwurdlikheden hawwe, binne der yn België njoggen ministers dy’t har dwaande hâlde mei folkssûnens. Dy moatte it óf iens wurde, of se fiere soms tsjinsteld belied, wat België in tige burokratysk lân makket.

Dochs kinne der noch wol in pear ministers by, is it betinken fan de Flaamske minister-presidint Jan Jambon. Op lanlik nivo soe der nammentlik op elk ministearje in duo komme moatte te sitten: in Frânsktalige én in Nederlânsktalige minister.

België hat op it stuit in sakeregear ûnder lieding fan Sophie Wilmès, dat yn it libben roppen is om de koroanagoarre te bestriden. Wilens ûnderhannelje de Belgyske partijen al sûnt maaie 2019 oer de foarming fan in nij lanlik regear. It punt dêr’t de ûnderhannelings hieltyd op stûkje is dat de Flaamske partijen it lân fierder opdiele wolle en de Frânsktalige just net.

Jambon syn idee is bedoeld as kompromis: de ferantwurdlikheid foar it bestjoer soe op lanlik nivo bliuwe, wat de Frânsktaligen wolle, mar elke taalgroep soe wol in eigen oansprekpersoan yn it regear ha, wat de Flamingen neistribje. Elk fan ‘e twa ministers soe dan benammen gearwurkje mei it regear of de regearen fan it eigen taalgebiet. Allinne de minister-presidint soe net duo wurde moatte, neffens Jambon.

july 15, 2020 13:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.