Ongerske nijsgarders yn ’e knipe

july 24, 2020 15:52

Grut sechtich kranteljuwe hawwe dien nomd by it Ongerske nijswebstee index.hu. Hja binne teriede wurden en set harren nei gean as wjerwurd op it ôfsetten fan haadredakteur Szabolcs Dull.

Te maart waard it kommersjele part fan it webstee oernomd troch in bedriuw fan in kornút fan presidint Orbán. It bestjoer fan it bedriuw makke doe buorkundich dat de redaksje fernijd wurde soe. De redaksje seach it swurk driuwen en makke in “frijheidsyndeks” buorkundich, mei in wizer dy’t fan it griene nei it oranje flakje beweegd wie – mei de driging fan it ûnfrije read yn it foarútsjoch.

Neffens Dull hat de niisneamde hanneling de oanlieding west foar syn ûntslach. In grut part fan syn kollega’s gie mei. It is net foar it earst dat krityske sjoernalisten yn it Ongerslân it fjild romje moatte. It nijswebstee origo.hu rekke ek in part fan ‘e redaksje kwyt doe’t it oernomd waard troch in bedriuw dat mei Orbán ûnder ien tekken leit.

De Europeeske Uny sjocht fol noed nei de ûntjouwings yn it Ongerslân. Věra Jourová, de Europeesk komsariske foar transparânsje en wearden, hat sein dat hja mei de redaksje praat hat en dat hja net wiis is mei wat der yn it EU-lân bart. De sjoernaliste-organisaasje Sjoernalisten sûnder grinzen hast alle lannen op ’e wrâld in sifer foar parsefrijheid. It Ongerslân is op harren list sakke: it stiet no op plak 89. Twa jier lyn dat noch plak 73.

july 24, 2020 15:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.