North Sea Jazz 2020 in Concert: Metropole Orkest & Friends

july 4, 2020 08:51

De NTR, North Sea Jazz Festival en it Metropole Orkest slane de hannen yninoar foar in spesjaal konsert dêr’t de rykdom en it ferskaat fan North Sea Jazz yn fierd wurdt. Spesjaal foar dat konsert komt it orkest foar it earst nei de koroanalockdown wer yn folsleine besetting op it poadium en spilet it mei in tal binnen- en bûtenlânske gastartysten dy’t dit jier optrede soene op North Sea Jazz. Dêr binne Gregory Porter, Ibrahim Maalouf, Benjamin Herman, Michelle David en Akwasi ek by.

Foto: NTR

Yn 1986 stie it Metropole Orkest foar de earste kear it poadium fan North Sea Jazz. Sûnt 2002 is it orkest al achttjin jier efterinoar fan de partij. Yn al dy jierren hat it op it festival mei in protte grutheden út de jazz en besibbe sjenres spile. Dat levere tal fan bysûndere moetingen op. Om it North Sea Jazz-gefoel, nettsjinsteande dat it fysike festival net trochgean kin, dit jier dochs by it publyk bringe te kinnen, hawwe NTR, North Sea Jazz Festival en it Metropole Orkest ûnder de neamer ‘Metropole Orkest & Friends’ in bysûnder programma gearstald.

North Sea Jazz op NPO Radio 2 Soul & Jazz en NPO 2 extra
Op NPO Radio 2 Soul & Jazz en NPO 2 is ekstra omtinken foar North Sea Jazz yn ’e wike foarôfgeand oan en yn it wykein fan 11 en 12 july. Oanslutend op North Sea Jazz 2020 in concert is op NPO 2 extra in twa oeren duorjende kompilaasje te sjen fol hichtepunten, sfearreportaazjes en fraachpetearen fan de ôfrûne edysjes fan it North Sea Jazz festival.

De NTR stjoert yn it wykein fan 11 en 12 july op NPO 2 extra fiif nije ôfleveringen fan Back to North Sea Jazz út, mei konserten fan artysten dy’t oars dit jier op North Sea Jazz spylje soene.  Dat binne ûnder mear Gregory Porter, Alicia Keys, Herbie Hancock, Ibrahim Maalouf en Joe Bonamassa.

Utstjoering: snein 12 july om 19.20 oere op NPO 2 en tagelyk fia livestream op ferskate online platfoarmen.

july 4, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.