Noorderlicht Internationaal Fotofestival

july 16, 2020 19:02

Tanya Klimovich (út de searje Space City 2020)

It Noorderlicht Internationaal Fotofestival 2020, ‘Generation Z’ wurdt fan 18 july oant en mei 20 septimber holden op It Hearrenfean en yn Grins. Museum Belvédère is gastlokaasje mei in eksposysje yn de westvleugel, in presintaasje yn Museumpark Landgoed Oranjewoud en in duo-tentoanstelling yn de dependânse Afslag BLV. 

De 27ste edysje fan it fotofestival giet oer it tinkkader en de enerzjy fan de jongste generaasje wrâldboargers, berne nei 1995. Hoe stean dy yn de mienskip, hoe sjogge se harren takomst, wat binnen harren ambysjes? Noorderlicht besiket ynsjoch yn harren leefwrâld te krijen. Foar it festival is in skerpe seleksje makke dy’t in byld jout fan in generaasje dy’t him ynset foar funemintele emansipaasjeprosessen.

As ien ding foar dizze generaasje dúdlik is, dan is dat dat it tsjintwurdige systeem net mear foldocht. Se geane mei-inoar de dyk op om feroaring te berikken en hân yn hân te striden foar in nije balâns tusken de krêften dy’t de takomst op dizze planeet boargje moatte. Z rommet trochtaastend op en makket haast fan saken as lykweardichheid en inklusiviteit.

Underwerpen as de-kolonialisaasje, genderlikensens en body positivity binne oan ’e oarder fan de dei, en dat is it begin noch mar. ‘Generation Z’ giet oer it realisearjen fan in kearpunt, it bewurkmasterjen fan in basis foar in nije takomst en it nimmen fan ferantwurdlikheid. Is de personifikaasje fan in omslach yn tinken en hanneljen dêr’t alle generaasjes oan meidwaan moatte sille.

Mear ynformaasje: https://www.museumbelvedere.nl/nu_te_zien/kabinetten/

foto thússide: Ben Maier (emma grima the distance between my fingertips is_150m)

july 16, 2020 19:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.