Nije ynwijing stânbyld Fedde Schurer: no wol yn it Frysk
Resint ferskynd

Foto: Gemeente It Hearrenfean
It Nijs berjochte de ôfrûne dagen in pear kear oer it feestje ta gelegenheid fan de ferpleatsing fan it stânbyld fan Fedde Schurer op it Hearrenfean. Dat wie lang net elk nei ‘t sin. Hylke Speerstra bleau fuort, om’t er argewaasje hie fan de flaters yn de útnûging. Dêr stie ûnder mear yn dat Schurer syn widdo noch libje soe, wat net wier is. In protte kommentaar wie der fierder op ‘e fiertaal: wylst Schurer in earsten Frysk beweger wie en ien fan ‘e haadfigueren yn de oanrin nei Kneppelfreed ta, gie alles yn it Hollânsk.
It sil dêrom oer. It inisjatyf dêrta komt fan de Jongfryske Mienskip. Dy organisaasje organisearret op 15 augustus in twadde ynwijing fan it byld op syn nij plak. Histoarikus Peter Boomsma, saakkundige op it mêd fan Kneppelfreed, sil dan yn it Frysk op ‘e tekst oer it belang fan Schurer foar de emansipaasje fan it Frysk.
It sil oer, jawis. Goed foarnimmen. Mar de fraach bliuwt hoe’t it yn ‘e frede mooglik wie!
Is it al bekend hoe let oft de twadde ynwijing op de 15e plak fine sil?
Jawis! Sjoch: https://www.itnijs.frl/2020/07/15-augustus-runom-fedde/