Nije toarnbeisoarte yn it Surhústerfean?

july 14, 2020 06:32 Fernijd

De jierlikse Brommelbloei-ekskurzje wie dit jier op 29 juny by Maatskip Bloemhoff yn it Surhústerfean. Fanwegen de koroanamaatregels is der in digitale ferzje fan makke. Mei twa útnûge gasten en de famylje Bloemhoff strúnde toarnbei-ekpert Karst Meijer by de beamwâlen lâns. Hy fûn njoggen ferskillende soarten. Ien dêrfan hie er nea earder sjoen. Faaks in nije soarte? Dat is noch net wis, want Meijer moat ferskate eksimplaren fine en it moat wêze dat dy net earne oars yn ’e wrâld al fûn is en beskreaun. It entûsjasme is lykwols oanwakkere.

De digitale ferzje is op twa filmkes te sjen:

© Frank Dankmeijer – Wâldpyk

Rubus gratus
De earste toarnbeisoarte dy’t Meijer fûn is de Rubus gratus of de Aangename braam. Dy smakket hearlik swiet, en hy jout grutte fruchten. De ideaalste toarnbei foar yn de keuken of om samar út ’e fûst iten te wurden. Oare soarten smeitsje minder en de fruchten binne meastal lyts. Fan de Rubens gratus wiene der in soad strûken. Foar de Bloemhoffs is dat moai, want harren lân is mei it oankommende Brommelsfeest iepen, sadat minsken yndividueel toarnbei plôkje kinne.

Rubus drenthicus en Rubus frieslandicus
In soarte dy’t noch net earder op de bloei-ekskurzjes fûn wie is de Rubus drenthicus. Dy is yn Drinte ûntdutsen en foar safier bekend net bûten dy provinsjegrinzen sjoen. Oant dat Meijer him dus yn it easten fan Fryslân fûn. Sa hat Meijer earder ek al ris in nije soarte fûn. Dy hat er beskreaun en Rubus frieslandicus neamd. Dy is allinne yn de Noardlike Frysk Wâlden fûn, ek by it Surhústerfean.

Unbekende soarte
De ûnbekende soarte liket op de Rubus nemoralis, mar hy hat in spitser bledsje en folle mear stikels. Karst. Meijer: “It liket wol dat er út de nemoralis fuortkommen is, mar it kin bêst wêze dat it in ienmansstrûkje is, dat we noait wer sjogge. Under de toarnbeiplanten jildt ek de wet fan de sterkste. Nije soarten rêde it faak net. As we him faker wer sjogge, kinne we pas ûndersykje oft it werklik in nije soarte is en as dat it gefal is, kinne we him in namme jaan. Earder net.”

Toarnbei-ekpert Karst Meijer
Meijer hat oer de hiele wrâld om toarnbeisoarten socht. Ferskillende gebieten herbergjen wer oare soarten. De iene soart docht it better yn kâlde gebieten, de oare yn waarmere; de iene kin better oer drûchte en de oare krekt yn wiete. Meijer wit der alles fan. Yn Wolvegea hat er syn eigen herbarium dêr’t er mear as 150.000 drûge plantesoarten – mei mear as 7.000 toarnbeisoarten – yn bewarret en útstalt. It is ien fan de grutste priveekolleksjes fan Europa.

Wâldpykfeest Brommels! 22 en 23 augustus 2020
Alle jierren op de fjirde sneon en snein is it Wâldpykfeest Brommels. Dit jier mei in oanpast programma. Mei aardige en learsume digitale wurdt omtinken jûn oan it tema ‘Natuerlik Ferskaat’ en oan it nasjonaal lânskip De Noardlike Fryske Wâlden. Plôkje mei ek. Lykas alle oare kearen wapperet by tsientallen hikken in pearse brommelsflagge. Minsken dy’t plôkje wolle meie fergees it lân yn. Fansels moatte de plôkregels en de RIVM-maatregels neilibbe wurde. Mear ynformaasje is te finen op www.brommelsfestijn.nl.

july 14, 2020 06:32 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.