Nije lokaasje Zuyderzee Lyceum De Lemmer

july 17, 2020 10:11

It Zuyderzee Lyceum in yn De Lemmer moat in nij gebou hawwe omdat it âlde net mear oan de tsintwurdige easken foldocht. De skoalle, fan VariO Onderwijsgroep, en de gemeente De Fryske Marren hawwe nei geskikte lokaasjes omsjoen en binne ta de konklúzje kommen dat nijbou op en neist it plak fan it PAC oan de Strjitwei de bêste oplossing is.

It gebou fan poadium en aktiviteitesintrum PAC wurdt hast net mear brûkt. Dêr is, mei in oangrinzjend stik grûn, romte genôch foar nijbou. De parkearromte by de sportfjilden kin yn ’e wike troch de skoalle brûkt wurde. Nijbou dêre kostet minder as sloop en nijbou op de tsjintwurdige lokaasje fan de skoalle oan de Riensingel, omdat dan ek foar tydlike húsfêsting ret wurde moatte soe.

It hat noch hiel wat yn ear’t it nije skoalgebou klear is. Der wachtsje romtlike prosedueren, wiziging fan it bestimmingsplan en de nedige fergunningen. Underwilens begjint VariO Onderwijsgroep mei it sykjen fan in arsjitekt. As dy fûn is, kin dy fan ’e hjerst in ûntwerp meitsje. As alles meisit kin yn it begjin fan 2020 mei de bou begûn wurde. Dat sil sawat in jier yn beslach nimme.

july 17, 2020 10:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.