Nij by de Afûk: online groepskursussen mei dosint

july 8, 2020 09:04

Neist de tradisjonele groepskursussen fan de Afûk op lokaasje, is it fan oktober 2020 ôf ek mooglik om in groepskursus online te folgjen. By dy kursusfoarm folgje de kursisten thús, efter de kompjûter, live de lessen fan de lesjouwer. De nije, online kursusfoarm is foarearst beskikber foar de kursussen Fries verstaan en lezen (basis en ferfolch) en Frysk skriuwen (basis en ferfolch). Dy foarm is net allinne ‘koroanaproof’, mar biedt ek mooglikheden foar kursisten om utens.

Foto: Afûk

By de Afûk is it koroanafirus ek reden om tradysjes te trochbrekken en te sjen nei nije foarmen en mooglikheden. “Doe’t heal maart troch it koroanafirus ek yn Nederlân fiergeande maatregels nommen waarden, moasten wy ûnder oaren ús kursussen stopsette. Kursisten krigen de mooglikheid om de kursus skriftlik, mei begelieding fan de lesjouwer op ôfstân, ôf te meitsjen óf yn it nije kursusjier ien en oar wer op te pakken”, ljochtet Alex de Jager, direkteur fan de Afûk, ta. “Troch it firus waarden wy tagelyk ek twongen om nei te tinken oer it kursusoanbod yn dat nije kursusjier. Wat is der ein septimber mooglik oan “live” lessen en watfoar alternativen binne der?”

De Afûk sil ynearsten de kursussen foar ferstean en skriuwen oanbiede as online fariant. Dêrnjonken bliuwt it ek mooglik om yn in groep op lokaasje in kursus te folgjen. Der sil goed sjoen wurde nei de geskiktheid fan de lokaasjes en de kursusgroepen sille faaks minder grut wêze mei it each op it hâlden fan foldwaande ôfstân.

Yn de online kursussen sil wurke wurde mei it programma Jitsi. “Jitsi is ienfâldich yn gebrûk en der hoecht gjin programma foar delhelle te wurden”, sa seit Jettina Valk fan de kursusorganisaasje. “Kursisten krije foar’t de kursus begjint in link tastjoerd dêr’t se mei dielnimme kinne. Hiel maklik. In kompjûter, telefoan of tablet mei mikrofoan en kamera is dêrom genôch. Ek online stribje wy dernei dat ús kursussen foar elkenien tagonklik binne.” By de Afûk bringt it koroanafirus sadwaande ek goede dingen: “Foar minsken bûten Fryslân dy’t der ek niget oan hawwe wurdt it mei dizze nije kursusfoarm folle makliker om in kursus Frysk te dwaan.”

july 8, 2020 09:04
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 july 10, 10:11

    Om utens is binnen Nederlân? Der binne safolle minsken op de hiele wrâld dy’t Frysk leare wolle. De Afûk hat dêr echt in fette tinkblokkade. Ik hoopje dat se dy muorre yn harren holle ôfbrekke.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.