Bywurke: opbringst Nederlân foar Suriname no al fier boppe miljoen

july 9, 2020 09:17

De benefytsjo Nederland voor Suriname hat in bedrach fan in goed heal miljoen euro opbrocht. De teller stie oan ’e ein fan de streekrjochte telefyzjeútstjoering op NPO 1 op € 502.069, mar nei alle gedachten sil dat noch flink oprinne.

Gerda Havertong (foto: Human Nature Films)

Humberto Tan en Tante Es (foto: Human Nature Films)

De webside www.nederlandvoorsuriname.nl bliuwt foarearst aktyf. It jild komt ûnder mear te’n goede oan medyske apparatuer, beskermmateriaal, IC-bêden en oare middels dêr’t in tekoart oan is yn Suriname. Yn it lân driget in humanitêre ramp, no’t it tal koroanabesmettings alle dagen tanimt.

Yn de útstjoering ûntfongen presintatoaren Jörgen Raymann en Humberto Tan ferskate gasten, dy’t fertelden oer harren bân mei Suriname. Der wiene ek optredens fan Gerda Havertong, Trijntje Oosterhuis, Jeangu Macrooy en in protte oaren. Jörgen hie in spesjaal ‘hosseltiim’ gearstald om jild yn te heljen. It einbedrach waard bekendmakke troch Tante Es.

Nederland voor Suriname, in inisjatyf fan Jörgen Raymann en Mildred Roethof (Human Nature Films) yn it ramt fan SU4SU, waard stipe troch it Reade Krús en útstjoerd troch de NTR.

Bywurke tongersdei 17:25 oere: De benefytsjo hat no al in bedrach fan € 1.158.000 opsmiten. Jörgen Raymann, Humberto Tan en Mildred Roethof binne tige bliid mei it súkses. De webside www.nederlandvoorsuriname.nl bliuwt aktyf en minsken kinne noch hieltyd donearje.

july 9, 2020 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.