Maatregels tsjin ferdrûgjen natuer yn Bakkefean

july 7, 2020 08:56 Fernijd

Deunby de Slotpleats yn Bakkefean is yn ’e bosk in perseel gerslân ynrjochte om mear wetter fêst te hâlden. Dat helpt om de beekdelling Alddjip klimaatbestindiger te meitsjen. Dat stikje natuer dat oan de Swarte Singel leit, is ûnderdiel fan Natuernetwurk Nederlân.

Foto: Provinsje Fryslân

Wettermaatregels
Om yn it gebiet ferdrûgjen fan de natuer tsjin te gean, is de wetterhúshâlding op dat perseel oanpakt. In pear sleatten binne minder djip of hielendal tichtmakke en yn oare sleatten is it wetterpeil ferhege. Mei dûkers en keardammen is it wetterpeil te regeljen. Der is ek in dobbe groeven yn it perseel om wetter op te fangen en fêst te hâlden. Op de wâlen fan de dobbe groeie de kommende jierren wâlplanten. Mei de fochtige dielen fan it perseel is dat in noflik plak foar bysûnder soarten lykas de poelkikkert, heidekikkert, kaamsalamander en fjoerlibel.

Om de poel hinne leit wiet gerslân en de bûtenste rannen fan it perseel lizze heger en drûger. Sa kinne bysûndere planten harren ûntwikkelje. De drûgere dielen fan it perseel binne geskikt leefgebiet foar flinters lykas it oranjetipke en de brune fjoerflinter. Natuermonuminten is de eigener fan it gebiet. No’t it wurk klear is, wurdt de ynrjochting oerdroegen oan Natuermonuminten. Dy beheart it perseel en de dobbe.

Gebietsynrjochting
De ynrjochting fan it perseel by de Slotpleats is ûnderdiel fan de twadde projektfaze fan gebietsynrjochting Koningsdiep. Dêr wurket de provinsje Fryslân gear mei de gebietskommisje Keningsdjip, Wetterskip Fryslân, gemeente Opsterlân, lânbou- en natuerorganisaasjes. De twa grutste opjeften binne it ophelpen fan de beekdelling fan it Alddjip en it oanlizzen fan Natuernetwurk Nederlân. De gebietskommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan natuer, lânbou, wetter en rekreaasje út it gebiet.

july 7, 2020 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.