Mûlekapkes ek bûtendoar ferplichte yn provinsje Antwerpen

july 28, 2020 12:48

Foto: Laura Dewilde (Unsplash)

De Flaamske provinsje Antwerpen fiert strange regels yn om foar te kommen dat it koroanafirus fannijs wreidet. Sa moat men yn ‘e iepenbiere romte oeral in mûlekapke op hawwe, ek bûtendoar. Allinnich by it iten mei it ôf.

Fierder mei jûns nei healwei tolven net ien mear bûtendoar wêze. Kafees en restaurants moatte om alve oere ticht wêze. Iters moatte harren telefoannûmer by in restaurant benefterlitte. Feestjes wurde ferbean. Kontaktsporten wurde op ‘e nij ferbean. De regels wurde woansdei fan krêft. Foar de stêd Antwerpen binne de regels noch stranger, dêr geane bygelyks alle sportskoallen ticht. Boargemaster Bart de Wever seit dat de plysje de regels strang hanthavenje sil.

De nije regels jilde ek yn Baarle-Hertog, dat mei it Nederlânske Baarle-Nassau ien doarp foarmet en in Belgyske enklave yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân foarmet.

july 28, 2020 12:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.