Minder nije leararen troch hege stúdzjelienings

july 24, 2020 19:26

Foto: M. de Groot

Jongelju mei in hafû- of mbû-diploma kieze minder faak foar in learare-oplieding. Dat komt troch de hege kosten fan in stúdzjeliening. Hja wolle nei harren oplieding in baan mei in heech salaris.

Sûnt 2015 krije studinten gjin jild mear fan ‘e oerheid, mar moatte hja alles liene. Dat hat allegear gefolgen hân. Sa bliuwe hja hjoed de dei faak by harren mem-en-dy te wenjen en bouwe hja mear skulden op.

It weifallen fan ‘e basisbeurs makket dat mbû’ers minder faak oan in hbû-oplieding begjinne. By hafû’ers sit de feroaring benammen yn de stúdzjekar. Dat jildt minder foar jongelju fan wa’t de âlden in soad fertsjinje. By froulju is de kar foar opliedings dy’t tagong jouwe ta in baan mei in heech salaris sterker as by manlju. Twû’ers kieze sûnt de ôfskaffing fan ‘e stúdzjebeurs net foar oare stúdzjes.

july 24, 2020 19:26
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Aukje july 26, 08:56

    Studinten kin neffens my noch hieltiid sa’n 400,00 yn de moanne krije at de âlders net genôch fersjinje. Dit is in “aanvullende toelage” en hoecht net werom betelle at de opleiding dien makke wurdt. Sjoch bygelyks op de site fan DUO. At se thús wenjen blieuwe kin se it dêr maklik mei dwaan liket my.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.