Memmetaal yn Waadhoeke foaral yn ynformele sfear

july 5, 2020 08:51

Ynwenners fan Waadhoeke brûke harren memmetaal it measte yn ynformele sfeer. Yn formele sitewaasjes begjinne minsken faak yn it Nederlânsk omdat ‘it sa heart’ of út fatsoen. Dat docht bliken út in ûndersyk fan fiif pabo-studinten fan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert yn opdracht fan de gemeente Waadhoeke.

Foto: Gemeente Waadhoeke

De grutte fraach foar de studenten wie: wannear brûke ynwenners fan Waadhoeke harren memmetaal? Om dêr antwurd op te krijen hawwe  se fan ’e maitiid in enkête holden. Dy waard ynfolle troch 596 minsken. In mearderheid fan 335 persoanen hat it Frysk as memmetaal, 130 minsken it Bildtsk, 64 persoanen it Franekers en 12 minsken ha in oare memmetaal.

Ferbrekke
Ien fan de konklúzjes út it ûndersyk is dat minsken harren gau ferbrekke as de oare in oare taal brûkt. Dat dogge se omdat de oare it oars net ferstean kin of deselde taal net praat. In protte minsken dogge dat automatysk. In grut oantal minsken seit dat se oerskeakelje omdat dat better kommunisearret. Minsken kieze der ek faak foar om te ferbrekken út fatsoen nei de oar ta. Wat fierder opfalt is dat in grut oantal fan de respondenten syn memmetaal brûkt yn WhatsApp.

Belied noch better stjoere
De gemeente is grutsk op de meartalige situaasje en stimulearret de ynwenners ek graach om de eigen taal te sprekken. Wethâlder Jan Dijkstra is wiis mei it ûndersyk: “Dit jout ús weardefol ynsjoch yn hoe’t it mei de memmetaal stiet yn ús gemeente. Mar leafst 80 prosint fan ús ynwenners brûkt de memmetaal by famylje, freonen en yn it ferieningslibben. Yn formele situaasjes lykas by de húsdokter en beljen nei ynstânsjes skeakelet in grut part fan de ynwenners oer op it Nederlânsk. En krekt dêr wolle wy mei oan ’e gong. It ûndersyk kinne wy dan ek goed brûke om ús taalbelied fierder rjochting te jaan.”

july 5, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.