Meiwurker ferheard nei brân yn katedraal Nantes

july 19, 2020 12:25

Foto: pixabay.com

De Frânske plysje hat in man oanholden yn ferbân mei de brân fan sneontemoarn yn de katedraal fan Nantes. Neffens Frânske media giet it om in 39-jierrige man út Rwanda. De man soe as frijwilliger foar it bisdom wurkje en de jûn fan tefoaren ferantwurdlik west ha foar it sluten fan de katedraal.

It Frânske RTL skriuwt dat de man lilk west ha soe oer it net ferlingjen fan syn ferbliuwsfergunning. De iepenbier oanklager seit dat der noch gjin konklúzjes lutsen wurde kinne oer de rol fan de man en ropt op om hoeden te wêzen. De man is noch gjin fertochte yn de saak, mar wurdt allinnich heard. Neffens de iepenbier oanklager bestiet syn tsjûgeferslach út ferskate tsjinstridichheden.

Der waard al útgien fan brânstifting, mei’t op trije plakken fjoer ûntstien wie. Neffens de offisier fan justysje binne der gjin ynbraakspoaren ûntdutsen. De brân yn de 15-iuwske Sint Piterskatedraal bruts juster om 07.30 oere hinne út. De útslaande flammen hawwe de brânskildere ruten en it oargel ferrinnewearre. De dragende konstruksje ûnder it oargel is ynstabyl en driget yn te stoarten. Sa’n sechtich brânwachtlju krigen it fjoer nei likernôch twa oeren ûnder kontrôle.

Neffens de regionale brânwacht is de brân net te ferlykjen mei dy fan ferline jier yn de Notre-Dame yn Parys.

Bywurke 00.00 oere: De Rwandeeske man is snein wer frijlitten. Hy is gjin fertochte yn de saak, lit de Frânske justysje witte.

july 19, 2020 12:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.