Mear oeren opfang foar jonge bern

july 9, 2020 10:26

Op 1 augustus 2020 feroaret de wet op it mêd fan de edukaasje fan pjutten en beukers. Yn de gemeenten Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterlân is dêrom yn oerlis mei de pjutte-opfangorganisaasjes, it ûnderwiis en de jeugdsûnenssoarch in nij VVE-beliedskader opsteld (foar Voor- en Vroegschoolse Educatie).

Om de pjutte-opfangorganisaasjes te betankjen foar harren grutte ynset dêrby én foar de ekstra drokte om oan de koroanamaatregels te foldwaan, krigen se freed 3 july in kado fan de Opsterlânske wethâlder Libbe de Vries. Hy die dat by berne-opfang Esther yn Wynjewâld.

De bern krigen in pakket River Stones; boartersguod dêr’t ûnder mear de balâns stimulearre wurdt:

Deselde kânsen
De wethâlder beklamme it belang fan de pjutte-opfang. Dêr kinne de bern har boartsjendewei ûntwikkelje en tariede op in flotte oergong nei de basisskoalle. “Wy wolle der mear wurk fan meitsje dat alle Opsterlânske bern deselde kânsen krije. Dêr spilet de pjutte-opfang in belangrike rol yn”, neffens De Vries. “Dêr wurdt de basis lein foardat de bern oan harren skoalkarriêre begjinne.”

It Ryk sjocht dy de positive effekten ek en hat dêrom troch in wetswiziging it VVE-oanbod útwreide. No bestiet dat noch út minimaal tsien oeren of trije deidielen yn ’e wike. Fan 1 augustus ôf wurdt dat op syn minst 16 oere wyks. Dat hat gefolgen foar de reguliere pjutte-opfang. Alden kinne noch hieltyd berne-opfangtaslach of gemeentetaslach foar de pjutte-opfang krije.

Grutter berik
Alle bern mei in VVE-yndikaasje meitsje noch gjin gebrûk fan pjutte-opfang, falt de wethâlder op: “Dat is spitich, want krekt foar dy bern is der jild beskikber. In protte bern meie ek graach nei de opfang gean.”

By earder holden ûndersyk nei it berik fan de pjutte-opfang, die bliken dat op it stuit goed 70% fan dc bern yn Opsterlân gebrûk makket fan ien of oare opfangfoarm. “Der is noch in soad te winnen. It Ryk wol dat 100% fan de bern nei de opfang giet”, lit de wethâlder witte. Ut datselde ûndersyk blykt ek dat âlden net altyd witten wêr’t se ynformaasje oer berne-opfang fine kinne. “Wy dogge ús bêst om dy ynformaasje tagonkliker te meitsjen.”

july 9, 2020 10:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.