Manmachtige útbraak út Súd-Afrikaanske finzenis

july 25, 2020 09:38

Yn it Súd-Afrikaanske plak Malmesbury is in klopjacht geande op in groep finzenen dy’t mei tsientallen tagelyk út de finzenis ûntkaam binne. Fan de 69 detinearren dy’t útbrutsen, binne ûnderwilens 63 wer oppakt.

Foto: pixabay.com

Neffens de autoriteiten yn ’e provinsje West-Kaap wist in groepke finzenen oan it begjin fan ’e middei de bewekkers te oermasterjen by it luchtsjen. Dêrby stielen se harren kaaien, lieten se oaren frij en sleaten se de bewekkers op. Dêrnei ûntkamen se fia de haadyngong en oer it dak fan de ynstelling. Njoggen bewekkers rekken lichtferwûne.

Op it stuit fan de ûntsnapping wiene der 451 detinearren en tweintich bewekkers yn ’e finzenis. De ynstelling, dy’t op goed sechtich kilometer fan Kaapstêd leit, is ûnderwilens folslein ôfsletten. De autoriteiten sizze dat alles der oan dien wurdt om de lêste útbrutsen manlju op te pakken.

july 25, 2020 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.