‘Machtich man’ Riemer en ABE! op Omrop Fryslân

july 15, 2020 12:53

Yn de hûndertjierrige skiednis fan SC Hearrenfean belibbe de klup syn suksesfolste perioade ûnder Riemer van der Velde. Yn de Fryslân DOK ‘Ofskied fan in machtich man’ út 2006 folget Arjen de Boer him yn syn lêste jier as foarsitter. In oare ûnferjitlike man út de kluphistoarje is fansels Abe Lenstra. Yn 1995 waard it grutte teäter- en fuotbalspektakel ABE! útfierd yn it stadion dat syn namme hat. Yn dizze SC Hearrenfean jubileumwike stjoert Omrop Fryslân de dokumintêre en de hichtepunten fan it teäterspektakel nochris út.

Op 20 july 1920, waard de fuotbalklup Hearrenfean oprjochte. Dêrom djippet Fryslân DOK de dokumintêre ‘Ofskied fan in machtich man’ út it argyf op. Makke yn 2006, mar no ek wer nijsgjirrich om te sjen. Ommers, fjirtjin jier nei syn ôfskied fielt Riemer van der Velde him noch altyd by de klup belutsen.

Van der Velde stie bekend as in man mei in skerpe noas foar jonge talinten. In protte bûtenlânske fuotballers dy’t letter wrâldferneamd wurde soene, begûnen harren ynternasjonale karriêre by SC Hearrenfean. Programmamakker Arjen de Boer folge Van der Velde yn syn lêste jier as foarsitter op scoutingreis nei Spanje. Yn in boatsje op de Langwarder Wielen filosofearret er oer fuotbal en de oerienkomsten mei syn hobby: fiskje. Wy sjogge hoe’t er syn netwurken ûnderhâldt as gasthear fan bekende Nederlanners yn syn eftertún, ûnder it skûtsjesilen by Langwar, mei ûnder oaren Afonso Alves, Paul Bosvelt, Guus Hiddink en Hil Lenstra, de frou fan Abe. En wa’t altyd neist Riemer stiet en ek in haadrol hat yn dizze film: syn frou Annie.

Riemer van der Velde. (foto © Omrop Fryslân)

ABE!
Oanslutend oan de dokumintêre stjoert Omrop Fryslân snein de moaiste mominten út fan it teäter- en fuotbalspektakel ABE! Dy produksje waard fan 11 oant en mei 16 septimber 1995 útfierd yn it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean.

By ABE! soargen mear as fiifhûndert meiwurkers foar it non-stop spektakel dêr’t de hichtepunten út de legindaryske fuotbalwedstriid út 1950, Heerenveen-Ajax (6-5), yn sintraal steane. Yn it troch Bouke Oldenhof skreaune stik spylje in protte bekende persoanen mei, lykas Peter Tuinman, Maarten Spanjer en Rinus Michels. Tryater tekene foar it teäterbarren ûnder regy fan Jos Thie. De foarstellingen waarden troch 40.000 taskôge­rs besocht. Yn de lanlike en regionale parse, oeral krige ABE! grutte wurdearring.

Fryslân DOK: Ofskied fan in machtich man
Sneon 18 july, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 19 july 13.10 oere)
Snein 19 july, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

ABE!
Snein 19 july, 17.30 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

july 15, 2020 12:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.