Live benefytsjo foar Suriname mei Jörgen Raymann en Humberto Tan

july 5, 2020 08:49 Fernijd

Yn Suriname driget in humanitêre ramp no’t it tal koroanabesmettingen alle dagen tanimt. Nederland voor Suriname is in ynsammelaksje foar de helporganisaasje SU4SU (www.su4su.nl) Suriname. Jörgen Raymann, Humberto Tan, Mildred Roethof, Glen Faria, Trijntje Oosterhuis, Gerda Havertong, Jeangu Macrooy, Yannick Hiwat, Tommie Christiaan, Kees van der Spek, Dwight Dissels en in protte oare Nederlanners wolle mei in benefytjûn it swier troffen Suriname helpe.

Foto: NTR

Nederland voor Suriname wurdt in waarme sjo mei bysûndere optredens en oandwaanlike ferhalen, dêr’t jild by ynsammele wurdt om in humanitêre ramp foar te kommen. Fansels mei der ek lake wurde. In spesjale gast sil de einstân fan de ynsammelaksje bekendmeitsje. Nederland voor Suriname wurdt stipe troch it Reade Krús.

Jörgen Raymann: “De hjoeddeiske krisis treft foaral de gewoane Surinamer bûtengewoan hurd. De ferbûnens en bysûndere bân tusken Nederlân en Suriname bestiet al hiel lang en sil bestean bliuwe. Litte ús inoar helpe.”

Wa’t ek helpe wol, kin terjochte op www.su4su.nl en/of sjen nei Nederland voor Suriname op woansdei 8 july fan 20.30 oere ôf, fuortdaliks nei it NOS sjoernaal.

Oanlieding
Yn Suriname hat de útbraak fan it koroanafirus (Covid-19) yngripende gefolgen. Minister Antione Elias fan Folkssûnens hat noed no’t it tal besmettingen slim oanwaakst. Suriname hat lykwols gjin jild en in humanitêre ramp leit op ’e loer. Foaral de sikehuzen sitte mei in ekstreem tekoart oan medyske fasiliteiten: spesjale apparatuer, beskermmateriaal foar dokters en spesjale ôfdielingen om besmette pasjinten te behanneljen, sûnder oare pasjinten yn gefaar te bringen. Der is akuut jild nedich om dat te realisearjen.

Nederlân foar Suriname ynsammelaksje foar SU4SU
Sjoernalist Hennah Draaibaar en ûndernimmers Jules Fernandes begûnen by de útbraak fan de koroanakrisis de aksje SU4SU. Nettsjinsteande de swiere ekonomyske resesje dêr’t Suriname trochhinne giet, kamen boargers mei hertferwaarmjende bydragen – Surinamers foar Surinamers. Troch alle koroanamaatregels wurdt der lykwols hast neat mear fertsjinne en moat elkenien elts dûbeltsje ekstra omdraaie om oerlibje te kinnen. Dêrom dat it idee opkaam om de benefytsjo Nederland voor Suriname te hâlden.

Utstjoering: woansdei 8 july, 20.30-21.40 oere, NPO 1.

Nederland voor Suriname is in inisjatyf fan Jörgen Raymann en Mildred Roethof (Human Nature Films) yn gearwurking mei de NTR.

july 5, 2020 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.