Krante kin minsken Frysk prate litte

july 18, 2020 15:47

Ynstjoerd

Dizze maitiid waard in hoartsje redendield oer it net brûken fan it Frysk troch offisjele ynstânsjes foar kommunikaasje oer de koroana. Sjoch bygelyks in ynstjoering op It Nijs fan Jaap van der Bij. De Ljouwerter Krante naam yn dy kwestje in stânpunt yn dat my tige oanspruts. Sjoernalist Willem Bosma skreau yn in redaksjoneel kommentaar ûnder de kop Waar blijft het ‘firus’? op 30 april ûnder oaren:

Net fûstkje. Prûste yn de earmtakke. Zulke kernachtige raadgevingen ter beteugeling van het coronavirus zijn dezer dagen geen luxe. Maar van hogerhand zul je ze zó niet horen. Crisiscommunicatie van het rijk gebeurt tijdens de pandemie oudergewoonte in het Hollands, op live uitgezonden persconferenties en in departementale brieven aan de Tweede Kamer, verluchtigd met termen als intelligent lockdown, contact tracing apps en een update van de first wave aan Covid-19-projecten. De Veiligheidsregio Fryslân en de daarin ondergebrachte Gemeentelijke Gezondheidsdienst Fryslân drukken zich over het virus en zijn gevaren begrijpelijker uit. Maar hoewel deze publieke organen in belangrijke mate door Friestaligen worden bekostigd en bestuurd, gebeurt het louter in het Nederlands. Waar hebben we dat aan verdiend? De minister van Binnenlandse Zaken en zijn ambtgenoot van Justitie en Veiligheid hebben pas nog in de Tweede Kamer beloofd zich in te zetten voor een zo groot mogelijk functioneel gebruik van het Fries in de openbare ruimte. Hiermee wordt de zichtbaarheid van de taal vergroot, was hun redenering. Of het nu van harte is of een moetje dankzij het Europees Handvest Minderheidstalen, het resultaat zou kunnen tellen. Be our guest, denk je dan ook als memmetaalspreker. Maar als onze eigen Veiligheidsregio en GGD die taal al zo laten sloeren, wordt het haast wat gênant om er in Den Haag stennis over te maken. (…) Misschien kunnen onze autoriteiten laten zien hoe het wel moet. Fuort mei dat firus.

Lykwols is it mei sizzen net te dwaan. Mei praten al, yn dit gefal. En skriuwen. Mar ús kranten brûke it Frysk likegoed mar in begrutlik lyts bytsje, lykas Ed Knotter op It Nijs okkerlêsten nochris yllústrearre foar it Frysk Deiblêd. Yn De Ljouwerter is it net oars. It is altyd maklik wat oer oaren te sizzen, mar wat kin men sels dwaan? Nei’t der op de opinyside wat oer de kwestje hinne en wer iggewearre wie, haw ik dêrom healwei maaie de rol fan de krante sels mar ris op it aljemint brocht yn in ynstjoerd stik. Dat waard doe net pleatst en sadwaande wurdt it no lang om let noch foar it earst op It Nijs publisearre. Neidat ik út in stik fan de haadredakteur begriep dat hy graach mei de lêzers kommunisearret en ik miende dat ik opbouwende krityk ynbrocht, haw ik begjin july nochris in mail oan de haadredaksje stjoerd. Mar dêr is oant no ta net op reagearre. Dêrom publisearje ik dat skriuwen no as iepen brief. Beide stikken stean hjirûnder.

Foto: ItNijs.frl

LC kin minsken Frysk prate litte

De taalkar fan offisjele ynstânsjes by foarljochting oer de koroanagoarre jout oanlieding ta redendielen (LC-podium 6, 9 en 12 maaie). De LC fynt sels dat krisiskommunikaasje likegoed yn it Frysk moat (LC 30 april en 8 maaie). Mar it oanbelangjende redaksjonele kommentaar wie omtrint hielendal yn it Nederlânsk. Gjin niget: Frysk wurdt yn de krante benammen brûkt as it oer Frysktalige keunst en kultuer giet, lykwols foar serieuzere saken suver allinnich as Fryskpraters streekrjocht oanhelle wurde. Teminsten as dyen it Frysk op dat stuit brûke! Want it falt my op dat in protte lju dy’t by Omrop Fryslân Frysk prate, harren yn de krante yn it Nederlânsk uterje. Sadwaande myn oanrekommandaasje foar jim ferslachjouwers: trúnje by fraachpetearen tenei oan op it brûken fan de eigen taal. Dan draacht de krante sels sines by oan de sichtberens fan it Frysk. En der is mear mooglik: it Frysk is foar alle nijs te brûken; ItNijs.frl jout it foarbyld. De LC-redaksje soe dêrom folle faker kieze kinne foar folslein Frysktalige berjochten. Sa’n kar is te basearjen op tematyk, mar in tafallige seleksje út it wrâldnijs soe noch folle better wêze. Dan nimme jo it Frysk serieus.

Iepen brief oer it Frysk yn de Leeuwarder Courant

Achte hear Warmerdam,

Om’t ik út jo stikje yn de krante fan 30 maaie l.l. begryp dat de haadredaksje kontakt mei de lêzers op priis stelt, kom ik nochris werom op myn ynstjoerde stik fan lêstendeis (sjoch taheakke). Meastal wurde myn ynstjoerings wol pleatst, mar diskear net. Mooglik om’t it ûnderwerp wol earder op it aljemint kaam is, mar Wim Hospes mocht syn bewende rideltsje al wer ôfdraaie yn de krante fan 9 maaie: “Gelukkig verschijnen de LC en praktisch alle dag- en weekbladen in Fryslân in de Nederlandse taal. Worden ze tenminste gelezen.” Of is it om’t ik jim op redaksjonele saken oansprek? It falt my op dat op de opinyside fan de Ljouwerter, oars as yn bygelyks Trouw, amper krityk op de krante sels te lêzen is. Of it moat posityf kommentaar wêze, lykas dat fan Jan Piet de Boer yn de krante fan 28 maaie, dy’t oars ek graach mear Frysk yn de krante sjen wolle soe.

Jim taalbelied dat al desenniums omtrint itselde bleaun is en dat jo yn de krante van 4 jannewaris nochris útlein ha (sitaten en ynstjoerde stikken yn it Frysk as dy yn dy taal steld binne, Frysktalige toanielresinsjes, in wyklikse Fryske side en de lêste tiid wat boartsje mei de taal op it ynternet) soe gaadlik wêze as it om in dialekt te rêden wie, mar strykt net mei jo oprop oan oare ynstânsjes om de twadde taal fan Nederlân op in serieuze wize te brûken. Jim soenen soks dan sels ommers ek dwaan moatte. En dêr past it tsjin elkoar weistreekjen fan lêzerskommentaren foar en tsjin Frysk yn de krante net by (lykas jo yn jo bydrage fan 4 jannewaris dogge). In neutrale opstelling is yn dit stik fan saken foar ien fan de wichtichste mediums fan de Fryske taalminderheid net mooglik: troch it Frysk net te brûken, ûnthâlde jim de Friezen de mooglikheid harren taal te ûnderhâlden en op te skerpjen en dêrmei drage jim by oan de ferhollânsking fan it Frysk. Sadwaande dat ik miende dat ik wol in besteklike bydrage levere oan de diskusje.

No hoech iksels net sa nedich yn de krante. Folle leaver soe ik sjen dat jim myn suggestjes ris yn jim omgean litte. Eins hope ik dat it net pleatsen fan myn stik just betsjutte dat jim dat dienen. Dat jim lykwols trochgean mei jim eigen belied, om Fryskpraters yn it Frysk oan it wurd te litten, tige beheint ta te passen, die noch wer ris dúdlik bliken yn in op 6 juny publisearre fraachpetear mei de Fryske direkteur fan de GGD (dy’t de foarnaamste oanlieding fan it redendielen wie om’t hja har ferbruts doe’t yn de koroanakrisis de kniper op ‘e skine kaam) dat yn it Nederlânsk wie (wylst sy by Omrop Fryslân ûndertusken al wer Frysk praat).

Mar wat is der no op tsjin om in ynearsten lyts mar stadich groeiend part fan it nijs tenei yn de Ljouwerter yn it Frysk te bringen? Lêzers dy’t dat net befalt, binne yn ‘e mjitte te kommen troch te ferwizen nei Nederlânsktalige ferzjes of gearfettings op jim webside. Oarsom kin ek. Dan nimme jim de Fryske taal teminsten aardich serieuzer as (sjoch nochris jo stik fan 4 jannewaris) mei wat filmkes oer in stikmannich Fryske wurden.

Mei freonlike groetnis,

Nanne Hoekstra
july 18, 2020 15:47
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe july 18, 18:05

    Dat is allegear sympatyk fansels, Nanne. Mar it is ek wol wat âlde kij en dy sleat. Kranten meitsje ferlies, al hie lang. Fan de LC is sûnt 2005 mear as de helte fan de lêzers fuortrûn en by it FD is dat net folle better. Sjoernalisten dy’t goed Frysk skriuwe kinne binne der ek net folle mear. Knotter syn stikje wie ek prima, allinnich spitich dat er de ferkearde krante lêst – it FD bringt mear, aardich mear Frysk as de LC, doar ik te wedzjen. Der is mar ien manier om it tij te kearen en dat is ûnderwiis. Rjuchtsje jim pylken mar op it amper ferslach dwaan fan ûntjouwingen op dat mêd, op it ûntbrekken fan redaksjonele kommentaren dêr oer, op dat iene opinystikje yn it jier oer Frysk ûnderwiis dat men yn ‘e krante fine kin, koartsein, op it út it sicht hâlden fan de problematyk cq. op it net sjen wollen fan de problematyk. Miskien docht dat mear fertuten as it safolste stikje oer te min Frysk yn ‘e krante. Oar idee: begjin in aksje dat de Provinsje op ‘e nij in pear ton yn ‘t jier beskikber steld foar Frysktalige siden. Graach net troch de Afûk gearstalle litte.

  2. Nanne july 19, 23:12

    Wat dy âlde kij oanbelanget, ha jo wol gelyk, Abe. Krekt efkes neisocht: yn 2003 hie ik foar it earst in – al pleatst – ynstjoerd stik mei in oprop om mear Frysk yn de Ljouwerter Krante. En dêrnei folgen der noch wol in pear. Mar wat moat men oars as oanhâlde as storein. Krekt as jo dogge mei it problematyske ûnderwiis yn it Frysk. En terjochte. Lykwols hat it gjin doel om te learen it Frysk skriftlik te behearskjen as soks net nedich is yn de maatskippij. Der soe yn alle gefallen wat te lêzen wêze moatte yn it Frysk.

    Soksoarte tûkelteammen as dy’t jo foar de kranten neame, hawwe oare organisaasjes likegoed. Mar kin net leit op it tsjerkhôf en wol net dernêst. As kranten yn Fryslân Frysk skriuwe kinne net iens as funksje-eask stelle oan redakteuren, nimme se it Frysk út noch yn net serieus. Mar sjoernalisten kinne it fansels altyd noch leare. Fryske les is al gau nijsgjirriger as de safolste kursus ‘time management’ of ‘effectief communiceren’.

    Dy eardere troch de Provinsje betelle Frysktalige siden yn de kranten lies ik ek nea, om’t se net nijsgjirrich wienen. Dat kaam net allinnich troch de Afûk, want fan de kranten mocht it net oer de aktualiteit gean. Provinsjaal budzjet kin dan better foar it meitsjen fan dûbeldtalich nijs útlutsen wurde. Foar safier nedich. Want mear as trije fan de fjouwer Friezen hawwe neffens de taalhifkings gjin muoite mei it lêzen fan Frysk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.