Koroanasifer ferhege troch bûten Fryslân teste ynwenners mei te tellen

july 11, 2020 19:19

Trije ynwenners fan Fryslân binne de ôfrûne wike posityf op koroana test. Dat is itselde oantal as ferline wike. Dochs is it totaal tal ynwenners fan Fryslân by wa’t it firus fêststeld is, dizze wike mei 22 ferhege nei 638. Dy bystelling komt benammen trochdat fan no ôf njoggentjin bewenners meirekkene wurde dy’t yn maart en april bûten Fryslân posityf test binne.

By dy groep sitte bygelyks soarchmeiwurkers dy’t yn Fryslân wenje, mar yn in ynstelling yn in oare provinsje wurkje en dêr foar in test yn ‘e beneaming kamen. Se wiene doe wol trochjûn oan de pleatslike GGD en dêrtroch ek oan it RIVM, mar net oan GGD Fryslân. De sifers fan GGD Fryslân en it RIVM komme nei dizze oanpassing wer mei-inoar oerien.

Yn de ferpleech- en fersoargingshuzen is de ôfrûne wike gjinien posityf test, nei twa wiken dêr’t dat wol yn barde. It tal pasjinten dat mei koroana stoarn is en by de GGD meld is, bliuwt lykas it wie: 69. It lêste stjergefal en de lêste sikehûsopname dy’t oan GGD Fryslân trochjûn binne, binne fan goed fiif wike lyn.

Yn de ôfrûne wike hawwe 1634 ynwenners fan Fryslân har op koroana teste litten. Yn de wike dêrfoar wiene dat 1681.

Pyk
It wei ôfrûne freed, 10 july, krekt fjouwer moane lyn dat de earste besmetting mei koroana yn Fryslân meld waard. Werom besjoen lei de koroanapyk yn Fryslân oerdúdlik yn maart en april, sa’t blykt út ûndersteand oersjoch:

Perioade  Tal posityf testen  Tal melde ferstoarnen
10 maart oant en mei 9 april

298

25

10 april oant en mei 9 maaie

274

38

10 maaie oant en mei 9 juny

46

6

10 juny oant en mei 9 july

20

0

Totaal

638

69

Dat der no en dan nije gefallen opdûke, jout oan dat it firus noch hieltyd oanwêzich is yn Fryslân. Dat kan omheech gean as it ferkâldenheids- en grypseizoen fan ’e hjerst begjint. Dêrom dat GGD Fryslân mei soarchynstellingen en Soarchkantoor Fryslân tariedingen makket om in twadde weach sa goed mooglik op te fangen. Boppedat bliuwt it advys: hanwaskje, ôfstân hâlde en by klachten thúsbliuwe en fia 0800-1202 in ôfspraak meitsje foar in firustest.

 

july 11, 2020 19:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.