Koroana hinget gear mei moudigens

july 25, 2020 13:40

Foto: pixabay.com

Yn geaën mei skjinne lucht komt de fan it koroanafirus teweibrochte Sineeske trudze gâns minder foar as yn moudiger oarden. Dat docht bliken út ûndersyk fan ‘e universiteit fan Birmingham.

It wie al bekend dat de koroanasykte him navenant in soad oppenearre yn streken mei in soad yntinsive feebuorkerij. Sok buorkjen is ornaris anneks mei gâns moudestowerij.

De ûndersikers út Birmingham hawwe benammen sjoen nei stofdieltsjes fan likernôch 2,5 mikrometer yn trochsneed. Dat fine guod is rûnom te finen, yn ‘e stêd en op it lân. Hja hawwe sjoen oft der in relaasje wie tusken hoefolle fan dy lytse stofdieltjes oft der yn ‘e lucht sieten en wat der oer koroana bekend wie. It ûndersyk is ek útfierd mei Nederlânske gegevens.

De mjitgegevens hawwe hja korrizjearre foar tweintich saken dy’t ek fan ynfloed binne op ‘e sykte, lykas oanpart smokers, âldens, oplieding, ynkommen, karnavalsfiering en de neite fan it bûtenlân.

Dêrnei die bliken dat it persintaazje pasjinten, it tal sikehûsopnamen en it persintaazje deaden gearhinget mei de luchtfersmoarging. Elke mikrogram fyn stof dy’t der mear yn in kubike meter lucht sit, betsjut sa’n tsien persint ekstra besmettings en sikehûsopnamen. It tal deaden nimt sels mei likernôch 17 persint ta.

De lucht yn Noard-Nederlân is it skjinst, mei likernôch 8 mikrogram stofmoude yn elke kubike meter lucht. It smoarchst is de lucht yn de Gelderske Fallei (de súdwestlike Feluwe en it gebiet om Amersfoart hinne), yn eastlik Brabân en noardlik Limburch, om IJmuiden hinne en yn de grutte stêden.

Oft de gearhing dy’t fûn is, ek betsjut dat luchtfersmoarging de oarsaak is fan mear koroana, is net wis. Boppedat liket de gearhing dy’t der yn Nederlân is, net te bestean yn Azië, dêr’t gebieten mei in tige smoarge lucht navenant lytse oanparten koroanapasjinten hawwe.

Dat smoarge lucht libbens kostet, is wol bekend. Allinnich yn Nederlân ferstjerre alle jierren alve tûzen minsken oan krupsjes dy’t mei luchtfersmoarging te krijen hawwe. Benammen ferkear en de feebuorkerij soargje foar in soad fyn sweefstof.

july 25, 2020 13:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.