Koroana biedt kânsen foar Fryslân as saaklike bestimming

july 7, 2020 08:54

Op moandei 6 july waard de earste koroanaproof lokaasjetoer yn Fryslân organisearre troch advysburo Linda op Locatie en Merk Fryslân. It grutste part fan it programma spile him ôf yn ’e bûtenloft. De oanwêzige moeting- en evenemintemanagers besiten ferskate lokaasjes yn it sintrum fan Ljouwert en yn natuergebiet Nasjonaal Park De Alde Feanen.

Lokaasjetoer Ljouwert-Fryslân (foto: Bianca de Wit)

Eveneminten ticht by hûs
It tal ynskriuwingen lit sjen dat der wer ferlet is fan streekrjocht kontakt. By de lokaasjetoer wiene likernôch fjirtich eveneminteplenners oanwêzich. Under oare eveneminteôfdielings fan ABN AMRO, UWV, Rykswettersteat, PostNL en DHL hiene har oanmeld. De dei wie in saneamd hybride evenemint. Dat hâldt yn dat de dei ek fia in livestream te folgjen wie.

Meet in Fryslân (saaklike kampanje fan Merk Fryslân) rjochtet him op de marketing fan Fryslân as saaklik toeristyske bestimming by moeting- en eveneminteplenners. Troch it jaan fan advys en ynformaasje en it funksjonearjen as bemiddeler foar saaklike gearkomsten, bedriuwseveneminten en tiimboudagen witte hieltyd mear bedriuwen Fryslân te finen.

Lokaasjetoer Ljouwert-Fryslân (foto: Bianca de Wit)

july 7, 2020 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.