Konsert Noord Nederlands Orkest live by Omrop Fryslân

july 2, 2020 08:56 Fernijd

It Noord Nederlands Orkest komt op 3 july werom nei de konsertseal yn SPOT/De Oosterpoort. Yn in symfoanyske besetting spilet it NNO in seleksje fan klassike topstikken dirigearre troch de fêste gastdirigint Antony Hermus. It konsert is live te folgjen by Omrop Fryslân fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app. RTV Noord en RTV Drenthe litte it konsert ek sjen op harren online kanalen.

NNO (foto: Mariska de Groot)

It lêste NNO-konsert wie op 11 maart. Dêrnei lei de koroanakrisis it kulturele libben folslein plat. Krekt doe’t konsertbesite ynienen net mear fanselssprekkend wie, fernamen in soad minsken hoe grut oft harren muzykbehoefte eins is. Fuort nei de lockdown kamen de alternativen los: balkonserenaden, teäter foar it rút en in soad ynternet-konserten. Mar der giet fansels neat boppe in écht live optreden. No, mei it ferromjen fan de regels en mooglikheden sil it Noord Nederlands Orkest opnij spylje.

Symfoanyske besetting
It konsert op 3 july foldocht oan de jildende RIVM-easken mei in feilige orkestbesetting en plak foar in beheind tal besikers. Der wurdt spile yn in lytsere symfoanyske besetting. Gewoanwei binne der tachtich musisy nedich om guon stikken te spyljen, no wurdt der spile mei 53. De orkestleden moatte op syn minst 1,5 meter útinoar sitte en blazers sels twa meter. Dy gruttere ôfstân makket it ek dreger om inoar goed te hearren en te sjen.

Stikken
It NNO trapet ôf mei it begjindiel út de Nieuwe Wereld-symfonie fan Antonin Dvorák – in stik dêr’t er syn yndrukken fan Amearika yn hearre liet, mar dat wat titel oangiet ek by de hjoeddeiske situaasje past. Fan Robert Schumann klinkt it spiritueel laden diel út syn Tredde symfony. Stikken fan Wolfgang Amadeus Mozart en Johann Strauss bringe in fleurige noat en it NNO einiget mei de Finale út Ludwig van Beethovens Sânde symfony – want 2020 is noch hieltyd it Beethoven-jier.

Live te folgjen
Yn de seal is romte foar 220 besikers; foar alle oare leafhawwers wurdt it konsert streamd en útstjoerd yn gearwurking mei RTV Drenthe en RTV Noord. It konsert is fan 20.15 oere ôf live te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app en letter ek werom te sjen op de webside fan de Omrop.

july 2, 2020 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.