Kolibrys sjogge kleuren dy’t minsken net sjen kinne

july 3, 2020 10:02

Ut nij ûndersyk docht bliken dat wy minsken it totaaleffekt misse ferlike mei kolibrys, dy’t kleuren sjogge dy’t minsken net waarnimme kinne.

Foto: pixabay

It is al langer bekend dat fûgels nei alle gedachten better binne yn it ûnderskieden fan kleuren as minsken. Krekt as by de measte oare primaten is it sicht fan minsken ‘trigromatysk’, dat wol sizze dat ús eagen trije soarten kleurgefoelige kegelfoarmige reseptoaren hawwe, foar blau, grien en read. Mar fûgels hawwe fjouwer soarten kegeltsjes, dêr’t harren sicht tetragromatysk troch is.

Mei ús trije soarten kegeltsjes kinne we de kleuren fan de reinbôge sjen: read, oranje, giel, grien, blau, yndigo en fiolet. Trochdat fûgels fjouwer soarten kegeltsjes hawwe, kinne dy yn teory in folle grutter skala oan kleuren ûnderskiede, mei ynbegryp fan de kleuren yn it ultrafiolet-spektrum, lykas UV-grien en UV-read.

Mary Stoddard, evolúsjebiolooch fan de Princeton University en har kollega’s diene in searje fjildeksperiminten mei wylde breedsturtkolibrys, yn ’e omkriten fan it Rocky Mountain Biological Laboratory yn de Amerikaanske steat Kolorado. Ut de resultaten docht bliken dat de fûgels in ûnderskied meitsje kinne tusken itensbakjes mei kleuren dy’t yn it spektrum falle, en fuorbakjes mei net-spektrale kleuren. Stoddard skreau dêroer yn it fakblêd Proceedings of National Academy of Sciences.

It ûndersyk leveret wichtige kennis op oer de wize dêr’t fûgels kleuren op ûnderskiede. Foar it ûndersyk ynstallearren Stoddard en har meiwurkers ferskate fuorsilo’s foar fûgels dy’t útrist wiene mei led-apparatuer yn ’e buert fan it laboratoarium. Hja programmearren de led-apparatuer yn ’e buert fan de fuorsilo’s sa dat der twa ûnderskate kleuren op in oerflak projektearre waarden. Dy kleuren hongen gear mei de fraach oft der yn ’e silo in lyts bytsje sûkerwetter siet, of gewoan wetter. De kolibrys, dy’t har fuorren mei nektar, learden al gau it ûnderskied te meitsjen tusken de iene kleur, dy’t in lekker swiet slokje oplevere, en de oare kleur, dêr’t se allinnich mar gewoan wetter by krigen.

Tusken 2016 en 2019 diene de ûndersikers yn ’e rin fan trije seizoenen njoggentjin eksperiminten, en registrearren likernôch seistûzen kolibrybesites. De wittenskippers koene oantoane dat breedsturtkolibrys konsekwint keazen foar de silo mei de swiete drank en dat it dêr net by útmakke oft de kleur dêr yn of bûten it spektrum lei. De kolibrys seagen blykber it ferskil tusken in silo dy’t UV-grien wie en in oare dy’t gewoan grien wie. Kleuren sjen helpt bisten by harren syktocht nei iten en partners en by it út ’e wei gean fan fijannen. Stoddard en har meiwurkers tinke dat de resultaten jilde foar alle fûgels mei tetragromatysk sicht dy’t oerdeis aktyf binne en ek foar ferskate soarten fisken, reptilen en bisten sûnder wringen. It soe wêze kinne dat it ekstra ûnderskiedend fermogen ek in eigenskip fan dinosaurussen wie.

Sûchbisten ûntwikkelen har yn ’e rin fan de evolúsje as nachtbisten. It wie foar harren net nedich om de kleurerykdom fan de wrâld oerdeis sjen te kinnen. De measte fan harren, lykas in hûn of kat, hawwe digromatysk sicht en hawwe allinnich kegeltsjes foar blau en grien. Minsken ûntwikkelen ek in tredde soarte kegeltsje foar read, mooglik om’t de earste primaten har evoluearren ta leafhawwers fan ryp wurdend fruit.

Boarne: National Geographic

july 3, 2020 10:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.