Koartslijer komt Belgyske fleanmasine net mear yn

july 29, 2020 15:31

Foto: GGD

Op it fleanfjild yn it Belgyske Zaventem wurdt tenei de lichemstemperatuer opmetten fan elkmis dy’t fan doel is en stap op ’e fleanmasine. Dy’t koarts hat, mei net mei.

In kamera dy’t lichemstemperatuer opnimme kin, makket by de yngong fan it fleanterrein in foarste skifting. As neffens de mjitgegevens ien waarmer is as 38 graden, dan moat sa’n selden nei in dokter ta. Dy temperatueret him dan noch twaris. As alle trije mjittings in temperatuer boppe de 38 graden oanjouwe, dan giet de reis net troch. Foar besikers en lju dy’t ien ôfhelje wolle, jildt itselde.

It doel is om foar te kommen dat lju dy’t mei koroana oanhelle binne, oaren besmette. It tal besmettings yn it Belzelân is op it stuit navenant heech en de Belgyske oerheden nimme maatregels om dêr wat oan te dwaan. Sa mei men de winkels allinnich mar yn mei in mûldoekje foar. Yn de provinsje Antwerpen jildt it mûldoekje ek bûtendoar yn ’e iepenbiere romte.

july 29, 2020 15:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.