Klompen fan Scherjon

july 22, 2020 10:51

Toeristyske tip

As men it terrein fan klompmakkerij Scherjon oan de Dokter Ypeyleane nûmer 8 yn Noardburgum op komt, kin men fuortendaliks sjen dat dêr hurd arbeide wurdt. Meiwurkers steane dêr mei in reafallige holle en it swit op it lea grutte wylgebeammen yn lytsere parten te seagjen, ear’t dy nei binnen kinne nei de wurkpleats ta, om fierder ta klompen ferwurke te wurden.

foto Matthijs Verkuijl

It bedriuw bestiet eins út in wurkpleats, in museum, in opslachdiel, in ferveôfdieling en fansels in winkel. Op itselde terrein is ek noch it Fierljepmuseum mei de mooglikheid om oer in sleat te ljeppen.

Hast alle dagen wurde troch de seisde generaasje fan de famylje Scherjon klompen makke en ferkocht. Bytiden wol sa’n 250 yn ’e wike. It is ien fan de seldsume bedriuwen dy’t noch sa klompen meitsje.

foto Matthijs Verkuijl

Yn it museum kin men net allinnich de klompen fan eartiids yn Fryslân en Hollân sjen, mar ek út ferskate Europeeske lannen. En sels klompen mei hege hakken foar moadeútstallingen.

Yn ’e winkel binne alderhande klompen te keap, benammen de tripklomp oftewol de Fryske learkeklomp, dy’t it meast ferkocht wurdt om’t er meastentiids goed sit by it krop. Fansels kin men dêr terjochte om te passen en wurde de klomp en it learke oanpast oan jins foet. In oare klompsoarte is it hege model, de kapklomp.

De technyk om se te fervjen is spesjaal en hjit moarmerje.

Der is in webwinkel dy’t fia in goed fersoarge site te berikken is, mar it is wol sa noflik om yn ’e winkel rêstich wat út te sykjen, te passen en miskien ek te keapjen. Se binne nammentlik yn alle soarten, kleuren en mjitten te keap.

Foar bern is it mooglik om harren eigen klompen te fervjen en bûten kin men net allinnich klompgolvje mar ek wat drinke.

Koartsein en gearfetsjend: in tige nijsgjirrich útstapke mei goede ynformaasje oer de wurksumheden yn in bysûnder bedriuw dat fan 1850 ôf bestiet.

Matthijs Verkuijl

july 22, 2020 10:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.