Klacht yntsjinne tsjin Microsoft om programma Teams

july 23, 2020 08:57 Fernijd

Slack, de makker fan kommunikaasjesoftware foar bedriuwen, hat by de Europeeske Kommisje in oanklacht yntsjinne tsjin Microsoft. Neffens it bedriuw is der sprake fan ûnearlike konkurrinsje trochdat Microsoft syn kommunikaasjeprogramma Teams bondele oanbiedt mei Office 365, it kantoarpakket mei ûnder oare Word en Excel.

Foto: pixabay.com

Miljoenen brûkers soene twongen wurde om it programma te ynstallearjen, fuorthelje soe dreech wêze en de kosten foar bedriuwen om de software te brûken binne net dúdlik. Troch de koroanakrisis moatte in protte minsken ynienen thúswurkje en dêrtroch is Teams hiel populêr wurden. Yn maart makken sa’n 44 miljoen minsken alle dagen gebrûk fan it programma, in moanne letter wie dat tanaam nei 75 miljoen. Nei alle gedachten sille in protte wurknimmers de kommende moannen ek noch foar in part of folslein thúswurkje. It is goed mooglik dat in protte bedriuwen ek nei de krisis trochgean mei dy manier fan wurkjen. Goede kommunikaasjeprogramma’s binne dan essinsjeel. Foar oanbieders fan sokke software, lykas Slack en Microsoft, binne de belangen grut.

Dat der no in klacht leit, betsjut net perfoarst dat de Europeeske Kommisje ek ûndersyk dwaan sil. It kin moannen duorje foar’t dêr in beslút oer naam wurdt. Microsoft wol net direkt op de beskuldigingen reagearje.

july 23, 2020 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.