Kinne Posthús Teäter en Ateliers Majeur gearwurkje?

july 17, 2020 10:37

Posthús Teäter (foto: Wikipedia/Johan Bakker – CC BY-SA 4.0)

B&W fan It Hearrenfean ûndersykje oft it Posthús Teäter en Atelier Majeurs gearwurkje kinne. In kertiermakker sil oan ’e slach om te besjen hoe’t soks stal krije kin. It doel dêrefter is om it teäter én de kultueredukaasje takomstbestindich te hâlden.

Wethâlder kultuer Hans Broekhuizen en Marita Jansen, foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan Ateliers Majeur, tinkte dat as kultueredukaasje en teäter byinoar brocht wurde, dat goed foar de hiele kultuersektor fan de gemeente wêze kin.

Yn de kultuernota Cultuur voor Elkaar stiet dat de gemeente de kulturele sektor ferstevigje wol. Ut de G1000 blykt dat der ferlet is fan mear gearwurking tusken de kulturele partijen, de biblioteek, museum Heerenveen, Posthús Teäter en Ateliers Majeur. Op it stuit is gearwurkjen fan dy fjouwer noch net mooglik. “Samenwerking tussen het Posthuis Theater en Ateliers Majeur is nu wel kansrijk”, seit wethouder Broekhuizen. “Later kan deze samenwerking uitgebreid worden met bijvoorbeeld het museum Heerenveen.”

De resultaten fan it ûndersyk wurde yn oktober ferwachte. Dan kin besletten wurde hoe’t beide partijen mei-oar gearwurkje kinne.

july 17, 2020 10:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.