Katalaanske minister wol ‘frjemde taal Spaansk’ minder op telefyzje
Resint ferskynd
Der is te folle Spaansk te hearren op ‘e Katalaanske telefyzje. Dat is it betinken fan ‘e Katalaanske minister fan kultuer Mariàngela Villalonga. Hja wiisde op ‘e Katalaanske dramasearje Drama, dêr’t njonken Katalaansk ek in protte Spaansk yn te hearren is.
Parlemintslid Sonia Sierra frege wat it probleem wie, mei’t Kataloanië ommers trijetalich wie. Hja ferwiisde dêrmei nei de trije offisjele talen fan Kataloanië: it Katalaansk, it Spaansk en dêrneist it Araneesk dat offisjeel is yn in lyts gebiet yn it noarden fan Kataloanië.
Minister Villalonga lokke doe sawol in soad positive as in soad negative reaksjes út mei har antwurd dat Kataloanië yndied trije eigen talen hie: it Katalaansk, it Araneesk en de Katalaanske gebeartetaal.
De taalstriid yn Kataloanië is de lêste tiid tige fûl. Dat komt mei trochdat de sintrale oerheid besiket om it plak fan it Katalaansk op skoallen en by de oerheid werom te kringen. Sa ferbea in rjochter koartlyn noch Katalaansktalige kommunikaasje tsjin de oerheden fan Kataloanië, Falensea en de Baleären.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje