Juristen jouwe Hollânske boargemasters fodskuorring om mûlkapkeplicht

july 31, 2020 16:47

Foto: Richard-Broekhuijzen (Wikipedia-CC-BY-SA-4.0)

Jan Brouwer, Adriaan Wierenga en Wim Voermans hawwe it de ôfrûne moannen hieltiten wer sein: in mûlkapkeplicht kin yn Nederlân net samar troch in gemeente of in oare legere oerheid ynfierd wurde. Dat giet yn tsjin de grûnwet. Dat de boargemasters fan Amsterdam en Rotterdam soks no dochs wolle, is neffens harren ûnmooglik.

Voermans, rjochtsperfester oan ‘e universiteit Leien, seit: “Alle collega’s zijn het met elkaar eens: dit kan niet. Je kunt niet zeggen: we doen de Grondwet nu even aan de kant. Dit mag echt niet. Die Grondwet beschermt juist tegen dit soort noodzakelijkheidsdenken en bestuurlijke ingrepen.
Je kunt niet als gemeente je eigen coronabeleid maken en de grondrechtelijke vrijheden van burgers opschorten.”

Femke Halsema fan Amsterdam en Achmed Aboutaleb fan Rotterdam wolle yn harren gemeente in ferplichting ynfiere om yn beskate drokke stedsdielen bûtendoar in mûldoekje foar te binen. Lanlik is sa’n ferplichting der net en neffens de juristen kin dat ek net. Dêr is in wet foar nedich en om dy te meitsjen duorret in pear moanne.

Frou Halsema kaam yn 2018 yn it nijs, doe’t der in lanlik ferbod kaam om it gesicht yn iepenbiere gebouwen te bedekken. Hja sei doe: “Laat ik een ding zeggen: de overheid is aan het praten over een boerkaverbod. Amsterdam gaat daar geen gevolg aan geven. Ik verdedig het recht dat je een eigen keuze hebt.”

july 31, 2020 16:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.