Jurist Jan Brouwer: “Oerheid mei mûlekapkes net ferplichtsje”
Resint ferskynd

foto: macocreaties.com
De Nederlânske oerheid kin net yn needferoarderings fêstlizze dat minsken yn ‘e iepenbiere romte mûlekapkes opdwaan moatte. Dat seit rjochtsperfester Jan Brouwer fan de Ryksuniversiteit Grins yn de NRC. Hy kriget byfal fan Jerfi Uzman en Wim Voermans, ek heechleararen rjocht oan Nederlânske universiteiten.
It rjocht om sels te beskieden hoe’t jo jo klaaie, heart by it grûnwetlike rjocht op privacy, sizze de juristen. Sa’n grûnwetlik rjocht kin net troch in needferoardering beheind wurde. It soe wol mei in wet kinne, mar dy moat earst troch de Twadde en de Earste Keamer goedkard wurde. Oant no ta wiene de folksfertsjintwurdigings kritysk op it romme wetsûntwerp en in definitive wet kin noch moannen op him wachtsje litte.
Mochten de feilichheidsregio’s dochs in plicht op mûlekapkes yn needferoarderings sette en boetes útdiele, dan meitsje boargers neffens Brouwer in grutte kâns dat de rjochter by boetes ûnjildich ferklearret.
In mûlekapkeplicht yn it iepenbier ferfier kin wol, mar dy moat neffens Brouwer ynsteld wurde troch de ferfierder. Hy seit tsjin Omrop Fryslân: “In de Wet personenvervoer 2000 staat een aparte bepaling op grond waarvan de vervoerder eisen kan stellen over het dragen van een mondkapje. Het is de particuliere vervoerder die het initiatief neemt.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje