‘Jûntsje Inez’, freed 7 augustus yn muzykpaviljoen MeM

july 22, 2020 08:47 Fernijd

‘The girl next door’ is Inez Timmer mei har 65 jier net echt mear. Mar mear as ea is se in besiele en entûsjast artyste dy’t yn har foarstelling Avondje Inez fertelt oer har artistike libben yn binnen- en bûtenlân.

Inez Timmer (foto: Harrie Muis)

Hja befear de sân wrâldseeën as sjongeres op cruiseskippen, spile yn grutte musicals, die mei oan The Voice Senior en wit dêr fol humor oer te fertellen. En al dy reizen brochten har úteinlik werom nei it plak dêr’t it dochs it moaiste is: nei Fryslân, nei Bûtenpost dêr’t se opgroeid is.

Yn Avondje Inez wikselet se sûnder muoite fan in ymposante ballade nei in stampende hit of begjint se in yntime konversaasje mei it publyk. Inez spilet op de aktualiteit yn en nimt har gasten mei nei de húskeamer fan de jierren sechstich, mei in swart-wyttelefyzje en blokken op ’e trapers. Noch hieltyd mei in swymke Irolt yn ’e stim.

Avondje Inez, freed 7 augustus 20.00 oere yn Bûtenpost, myzykpaviljoen MeM.
Yntree € 12,50, in konsumpsje ynbegrepen.

Reservearje op www.paviljoenmem.nl.

july 22, 2020 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.