Jongerein Dantumadiel wol crossbaan

july 9, 2020 07:50

Yn Dantumadiel set in groep jongfolk fan 14 oant 18 jier prikken yn it wurk foar in motocrossbaan. Neffens de jongelju is der yn de neiste omkriten op it stuit gjin gaadlik plak om te crossen. Dêrom roppe se de help fan de gemeente yn. Ofrûne moandei hawwe se wethâlder Gerben Wiersma in list mei hantekeningen jûn.

foto © Gemeente Dantumadiel

De gemeente en it jongereinwurk ûnderkenne it ferlet. De wethâlder sei ta dat er mei de jongelju in geskikt plak sykje wol. It stiet him oan dat de jongerein sels aktyf is om in crossbaan foarinoar te krijen. “Net seure en ôfwachtsje, mar mei-inoar de skouders derûnder om wat te berikken. Soks past by ús ynwenners en dêr bin ik grutsk op. Dêrom sko ik graach mei de jongelju om ’e tafel om te besjen oft we mei-inoar in plek fine kinne dêr’t de jeugd mei de tiid crosse kin, fansels sûnder dat it oerlêst jout foar de minsken dy’t dêr yn de buert wenje.”

july 9, 2020 07:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.