Jierrekken De Fryske Marren dochs posityf

july 29, 2020 13:01

Al jout it Ryk de gemeenten te min middels, dochs hat De Fryske Marren op de jierrekken 2019 in batich saldo fan € 1.043.000. Dat is sawat twa kear safolle as neffens de begrutting ferwachte waard. Dat docht bliken út de jierrekken en it jierferslach oer 2019.

Dat resultaat is benammen te tankjen oan meifallers yn it grûnbedriuw en it ferkeapjen fan ûnreplik guod. Yn it sosjaal domein stiet it der minder foar. Troch it ynfieren fan it Wmo-abonnemintstaryf binne de kosten in stik heger. De eigen bydrage is sûnt 1 januari 2019 net mear ôfhinklik fan it ynkommen, mar fêststeld op € 17,50 de moanne. Dat hat fan gefolgen dat it tal brûkers bot oprûn is. By de jeugdsoarch koe op ’e tiid ynspile wurde op de ferwachte tekoarten en by de partisipaasjewet is it resultaat posityf.

It Ryk mei dan struktureel net mei ekstra middels oer de brêge komme foar alle útdagingen yn it sosjaal domein, troch de tûke ynset fan elkenien en in tal ynsidintele meifallers yn de grûneksploitaasje en it ferkeapjen fan terreinen en gebouwen is der dochs in posityf resultaat.

Op 2 septimber behannelet de gemeenteried de stikken. Dy binne te finen op www.defryskemarren.nl/jaarstukken.

july 29, 2020 13:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.