Jan Willem Zwart: Fakânsje yn eigen lân

july 25, 2020 20:00

Kollum

Wy wisten it fansels al lang, fakânsje yn eigen lân en dan benammen yn Fryslân, dêr is hielendal neat ferkeard mei! Koroana hat ús allegearre oan it tinken set. Miskien binne we allegearre wol benaud wurden om fier fuort te gean en wie de ôfstân yn it ferline nei oare wrâlddielen wol hiel lyts. Te lyts. Minsken fleagen nei fiere lannen oft it neat wie. In wykein New York of in dei nei Londen. As de ‘fakânsjeman’ mei in kaart dan de minsken frege wêr’t se wiene, koe net ien oanwize wêr’t er op dat stuit wie.

De wrâld is plat wurden. Sa plat dat it foar ús de gewoanste saak is om yn auto’s út alle lannen fan de wrâld te riden, dat it gewoan is om Sineesk, Gryksk, Fjetnameesk of Meksikaansk te iten en op ynternet te bestellen by de AliExpress. De wrâld is sa plat dat it op de measte universiteiten de gewoanste saak fan ’e wrâld is om Ingelsk te praten. It wurdt aloan mear ien grutte ienheidswoarst. Ynternasjonale noarms, wurdt der dan sein en sa geane eigen lokale tradysjes om sjippe.

foto © Jan Willem Zwart

Undertusken ûntsteane der gelokkich oeral ek tsjinbewegingen, dy’t just rjochte binne op lokale inisjativen, gewaaksen en produkten, op lokale identiteit. Streekprodukten binne hieltyd mear yn trek en der wurde sels regiomerken organisearre om it lokale út te suteljen. Ynienen lizze der spekpûlen, reade krobben, pronkbeantsjes en Grinslânske kroanen op ’e merk. Griente- en fruitprodukten dy’t der altyd al wiene mar no ynienen opfalle.

Sa is it ek mei fakânsje. Fan Bûtenpost nei Bakkefean op fakânsje. Himelsbreed 24 kilometer, miskien noch net iens, mar wol in totaal oare krite. Oare minsken, bosk en gjin pûltsjes mar tusearte, fean en sângrûn. It is oars! Oars, dat is dochs wat wy sykje op fakânsje? It jout rêst om yn in oare omjouwing, yn in oar ritme te libjen. De ien seit dat leech by de grûn sliepe noflik is en de oar seit dat in caravan mei in telefyzje en in foartinte it ideale kampearjen is. Oars is ek oars tsjin jo eigen lân of provinsje oansjen. Untdekke dat spekpûlen hiel lekker iten is. Of gewoan in praatsje meitsje oer de omjouwing mei de minsken dy’t dêr wenje. Gewoan op oardel meter ôfstân en ek gewoan yn eigen omjouwing. Sa bringt koroana ús dochs wer by ússels.

Noflike fakânsje!

july 25, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan A. Schulp july 29, 11:40

    In moai stikje; tige yn harmony mei wat wy dogge. Myn nije folkstún yn Leien, mei in lyts hûs der’t myn frou foar soarget; de tún is myn tredde sûnt 1982, leit op 490 km fan Parys, yn’e Oostvlietpolder; dêrfandinne dat wy op fekansje binne yn Torrent d’Est-les Prés. En dat op oardel kilometer fan ús hûs!). Wurkjen oan de planten (ek oan it túch). Polder en op ôfstân beammen, mei in romantyske âlde moleromp der tusken. En fûgels by de rûs….. Dus net allinnich wurkje, ek sitte, harje genietsje en wat meielkoar prate. Fekansje!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.