Jan Schokker: Sportfûgel

july 18, 2020 20:00 Fernijd

Kollum

It wie dreech fan ’e moarn, ier en betiid. It wie de earste kear nei safolle wiken yn dit koroanabestean dat ik mysels wer sa nedich yn ’e sportskoalle narje en martelje mocht. Mar wêr die ik it eins foar? Foar in sûner libbenspatroan, in stadiger ritme yn myn deistich bestean? Wie dat it? It sigarerikjen hie ik al ôfsward. Ik hie fierders ek tiid genôch, mar de hiele dei inkeld achter it buro sitte te tekenjen en te skriuwen hie myn spierespul bepaald gjin goed dien. Ik wist, ik moast gewoanwei wer in gâns bettere kondysje krije, enerzjiker wêze en benammen aardich wat mear kracht krije yn ’e earms. De frou koe ik al net mear oer de drompel tille. Dat sei neat oer de hichte fan de drompel en se wie wilens ek net ta in seistonner úttine. Lit my it mar sa sizze, dat gedoch yn ’e sportskoalle om de spieren op spanning te setten wie net bepaald myn ding. Wat sei, it botste reglemintêr mei myn sinfol bestean.

Nim no dy masine foar it marteljen fan de seisenfjirtich spieren yn it ûnderstel. Dat apparaat wie meastal it twadde dêr’t ik op krûpte, nei earst tsien minuten opwaarmjen op de rinbank, dêr’t fuort dêrnei in oarenien sa fanatyk op draafde. Ik woe net mear drave. Hoelang wie it lyn dat ik hurddraafde, achter de bern of achter in bal oan? De pakesizzer dage my noch wolris út, mar dat mantsje rint mei de bal oan de fuotten fakentiids samar trije kear om my hinne, dat ik him allinne noch mar stroffelje litte kin.

Nee, dit tastel fûn ik fierstente swier gean; miskien moast ik mar faker yn de wike nei de sportskoalle. Fanatyk wurde, ris sjen oft dat my minder tsjin it sin sit.

‘Giet it? Kin ik helpe?’ freget Syp, it drokke fûle baaske fan de sportskoalle. Syp draaft ivich en altyd yn syn tafersjoch hâlden tusken de sporttastellen troch, tige warber en de hiele dei op ’t skik. By de iene makket er in praatsje oer de protters, by in oar docht er de oefeningen foar. Hy advisearret en motivearret, hy stekt de tomme op nei elkenien dy’t syn bêst docht en benammen nei alle froulju dy’t krekt de seal ynkomme. Syp praat en docht alles yn in hiel rap tempo. Ien kear haw ik him ris frege oft er der wer nije batterijen yn hie, mar Syp hie inkeld wat lake en wie fierder huppele.
‘Syp, ik fyn it mar dreech hjoed’, sis ik earlik.
‘Gjin wûnder,’ laket Syp gol, ‘foar in begjinneling stiet it ek wol hiel swier’ en sûnder te freegjen oft er yn myn persoanlike oardelmeterdraaisirkel komme mei, ferset er de pinne yn de steapel gewichten fan 95 kilo werom nei 65. Ynienen ha ik de fleur der wer yn en sit ik samar wer op myn wenstige tritich bewegingen yn ’e minút.

Mar echt telle die ik net. Myn oandacht waard lutsen troch in jongkeardel dy’t omsichtich wat ekstra gewichten oan in stange skode, wylst er de eagen rjochte op de manshege spegels deun foar him oer. Sa no en dan luts er syn T-shirt strak, ek al siet dat al o sa krap. It shirt knapte hast, de man hie in torso dy’t fan stiel like, boppe it shirt út stuts in fette spiersterke nekke mei ien twa trije tattoos. Hie dy anaboal steroïde gewichtheffer werklik muoite mei dy pear kilo’s of fielde er him sa thús yn syn rol fan showoff artyst dat er dêr tusken alle froulju syn eigen fantasyen stal joech? Ik liet syn sinfol libben efkes yn my omgean en holp doe de olympiër mei it tillen fan syn rotgewichten. Doe’t it my opfoel hoe deldragend myn eigen shirt derby hong besleat ik dat ik eins better de prioriteiten nei mysels ferlizze koe en sa socht ik doe mar wer in oare marteling op fan myn op persoanlike mjitte makke fitaliteitsprogramma.

Moarns ieretiids oardel oere mysels martelje. Wêr die ik it al wer foar? Moast dat myn libben sinfol meitsje? Miskien is it sa, betocht ik, dat de meast wichtige saken yn ’t libben net fansels komme. Moarn earst mar ris foar de spegel stean, wat in krapper shirt oan en dan de wynflessen boppe de macht oer de drompel nei binnen sjouwe.

 

july 18, 2020 20:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.