It Welsk wurdt stadichoan ek in taal foar de bêtawittenskippen

july 30, 2020 09:25

Wittenskiplike faktermen binne hast altiten betocht, alhiel as se hearre by nije wittenskipsgebieten. Wol in taal as wittenskipstaal funksjonearje, dan moatte de faktermen betocht wurde. Foar it Frysk waard dat yn it ferline dien troch it Taalburo fan de Fryske Akademy. Yn Wales binne beurzen beskikber foar wittenskippers dy’t yn it Welsk publisearje. In jonge wittenskipper is no gear oer in Welsk farmaseutysk wurdboek.

De 23-jierrige Bedwyr Ab Ion Thomas hat yn Oxford foar apteker leard en wurket no foar de universiteit fan Caerdydd/Cardiff oan it ûntwikkeljen fan medisinen foar breinsykten. De universiteit is twatalich, mar de measte stúdzjes binne no noch Ingelsktalich. Doel is lykwols dat mear stúdzjes aansen ek hielendal of foar in part yn it Welsk te folgjen binne.

Thomas skriuwt in proefskrift oer syn ûndersyk. Dat docht er yn it Welsk. Om’t der gjin Welske faktermen binne, skriuwt er tagelyk in wurdboek. Hy besiket om gjin al te útwrydske wurden te betinken, mar Ingelske en Latynske wurden as ynspiraasje te brûken.

Simon Ward, it haad fan it genêskundich ynstitút dêr’t Thomas wurket, leit út dat it wichtich is om sjen te litten dat men oer alle foarmen fan ûndersyk yn it Welsk publisearje kin. Hy seit: “Dêrfoar hoege jo gjin midsiuwske Welske poëzij te bestudearjen, it kin ek yn de moderne bêtawittenskippen.”

Thomas seit: “It moat yn Wales normaal wurde om folslein yn it Welsk libje te kinnen, dus ek as jo studearje of wurkje.”

Wales hat in spesjale organisaasje, it Coleg Cymraeg Cenedlaethol, dy’t mei universiteiten, hegeskoallen en ûndersyksynstituten wurket oan de útwreiding fan it Welsk yn ’e wittenskip en it heger ûnderwiis. De organisaasje jout alle jierren oan sa’n fyftjin jonge wittenskippers in beurs om harren proefskrift yn it Welsk te skriuwen. Fjirtich persint fan de beurzen giet nei bêtawittenskippers.

Direkteur Dylan Phillips seit: “Yn de bêtawittenskippen moatte ek minsken oplaat wurde as wy wolle dat der aansen in nije generaasje dosinten en ûndersikers is dy’t it Welsk yn harren wurk brûke.”

Yn it ûndersteande foarljochtingsfilmke leit Thomas út wat drugs mei it brein dogge.

july 30, 2020 09:25
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. X. july 30, 11:35

    Dat is pas echt taalbelied! Wêrom docht de provinsje Fryslân dat net? In finansjele beleanning foar skripsjes en proefskriften yn it Frysk, in ekstra stúdzjebeurs om in Frysktalige stúdzje oan it Van Hall te folgjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.