It turfhok (ferhaal)

july 11, 2020 07:00 Fernijd

Oant yn de sechstiger jierren fan de foarige iuw stie yn alle skoallokalen in grutte swarte kachel. Dy waarden stookt mei turf en kooks. De jonges fan de hegere klassen hiene om bar korvee om de turfbak en de koalekit te foljen. De skoalle hie in turfhok. Yn dy jierren hiene de masters trije manieren om balstjurrige learlingen, meast jonges, te straffen. In lichte straf wie yn ’e hoeke stean, wat swierder op ’e gong stean en hiene se it te bûnt makke, dan moasten se yn it turfhok. Hjoed-de-dei binne de turfhokken histoarysk en sa kinne je it folgjende ferhaal ek neame.

Arjen hat syn som ôf en sjocht om him hinne. Hy ferfeelt him, de measte bern hawwe it noch drok en master hat syn oandacht by de lytsen. Wat moat men sokke tiden. It is ek lang net yn oarder dat je mar sitten bliuwe moatte as men jins wurk ôf hat. Arjen sjocht ris om him hinne en dêr sjocht er Manus op ’e kast, in deadskop. As ik no ris… tinkt er en dêr is it plan.

Hy freget master oft er efkes in boadskipke dwaan mei en as er weromkomt, skoot er by de kast lâns, stekt syn hân út en nimt Manus mei. Sa, dat is klear en nimmen hat it sjoen. No efkes prakkesearje, Manus op de skoat. Hy hellet syn reade bûsdoek út de bûse wei en wynt dy Manus om de plasse. Dan triuwt er in finger tusken de kaken en flústeret er nei Maaike, dy’t foar him sit, en ien dy’t poer is op filmstjerren: “Maaike, Maaike, moast ris sjen, hasto dizze al?”

Maaike draait har om en begjint dan wol sa oatmoedich te razen dat alle bern rize as ien man omheech. “Grutte oene”, slist Arjen, mar it is al te let, dat hy wachtet it drama mar moedich ôf. Manus mei de reade bûsdoek om syn biennige kop set er foar him op ’e bank. En dêr is master, in liuw gelyk! Hy skuort Arjen út de bank en jout him dan sa’n triuw, dat hy draait mei effekt nei de doar. Dêr kriget er noch ien fan hupfallera, en dan glysteret er sa troch de iepen doar wol tsien meter de gong yn. “Turfhok oprêde”, is it lêste kommando. En dêr begjint Arjen dan mar mei. Stinnend steapelet er âlde skriften opinoar, skopt de oare rommel wat op in bult en lit him dan mei de rêch tsjin de muorre oan falle. Dy Maaike mei har nije filmstjer Manus! Stom dat dy fammen sa gau fan ’t hynder binne.

Dan sjocht er ynienen de ljedder nei de souder. Hea ja, efkes buorkje op de souder, dat moat wêze. It is no frij kertier, kin er moai op it plein del sjen. Hy klimt by de swypkjende ljedder op, en op de souder siket er it dakfinster, mar midden op ’e souder en krekt boppe harren lokaal bliuwt er stean. Moat hjirearne net in lûk west ha? Jawis, dat is ommers ek sa, it gat is no betimmere mei tripleks. Arjen siket op de healtsjustere souder en betinkt in moai plan. Hy kin aanst moai hearre wat se yn it lokaal dogge! En it slagget! De bern komme de klasse wer yn. Arjen kin oan it lûd hearre wa’t it binne. Dêr is Maaike ek, dy hat it noch oer Manus, en Arjen ferknûkelet him fan wille. O, dêr is master. “Stilte!” seit er en Arjan flústeret: “Ja master.” Master: “Kaart van Europa, repetitie over de hoofdsteden fan Europa en beurt voor beurt. Jan, wat is de hoofdstad van Engeland? Keimpe, de hoofdstad van Noorwegen? Nu verder met de andere werelddelen”, seit master. Dêr moat mear oer neitocht wurde troch guon. Sa as bygelyks Marten… en hea, dêr is’t al sa. “Zo Marten, vertel jij eens wat de hoofdstad van Egypte is.” Stilte, want Marten wit it net, hy wit it noait. Arjen wit krekt hoe’t er no sjocht, holle omheech en de eagen heal ticht: “Jeruzalem, master!” De hiele klasse daveret, mar master hâldt oan: “Beter nadenken, Marten.” Arjen leit op ‘e knibbels op it tripleks. Wer dy spanning, wat soe der no útkomme ? En ynienen kin er him net mear ynhâlde! Mei de mûle foar de naden raast er: “Heerenveen, Marten!” O hearken hearken, dêr brekt it los! De bern raze en tiere, se hawwe it fuort troch. Arjen sil útnaaie, mar hy wâdet mei de fuotten troch it tripleks hinne en dêr hinget er mei de fuotten nei ûnderen en de earms oer de balken. De bern binne al hiel oerémis. Guon laitsje, guon raze en klimme boppe op de banken. Master sjocht nei boppen, hy wurdt poer. Hy raamt de doar fan it lokaal iepen en stoarmet de gong yn. “Fuort Arjen, fuort!” roppe de jonges. Mar Arjen kin net fuortkomme, hy slacht mei de skonken hin en wer as wie er oant fytsen.

Arjans flechtrûte

As in razende stoot master nei boppen, no sil er him reitsje! Krekt as Arjen him oerein wrotten hat, is master der ek. “Hjir do, stean bliuwe!” raast er. Ja, wol ’k wol leauwe, tinkt Arjen en sjit mei in kûgelsfeart op it dakfinster ôf. Hy stjit it iepen en moardet him troch de nauwe iepening hinne en leit op de dakpannen. Sa lit er him yn de goate sakje, mar hy sjocht noch krekt op ’e tiid dat der wetter yn de goate stiet. Sokken út, tinkt er, oars wankt der thús ek noch wat. Master giet nei ûnderen, hy kin de bern net allinne litte. Dy binne no yn steat en brek de boel ôf. “Allemaal recht zitten en de armen over elkaar en luisteren.” En op datselde stuit glydt Arjen mei de sokken yn ’e mûle by de reinwetterspipe del op ’e grûn. Dan rint er deun by de muorre lâns nei de boskjes en wachtet dêr oant de skoalle útkomt. As Keimpe no straks myn klompen mar meinimt, tinkt er, oars is ‘t noch mis fansels. Hoe is ’t mooglik dat sa’n deadskop safolle rebûlje bringe kin, tinkt er gnyskjend.

De skoalle komt út en dêr sjocht er Keimpe al. Hy fluitet efkes en dêr komt Keimpe al mei de klompen oansetten. “It waarglês stiet net bêst by de opper, tink?” “Ik ha master noch nea sa lulk sjoen”, seit Keimpe, “mar do silst fan ’e middei dochs wol nei him ta moatte.”

En sa giet Arjen middeis nei skoalle mei it gefoel as moast er foar de beul ferskine. De doar stiet wagewiid iepen, as wol er sizze: kom mar leave jonge. Hy lûkt de klompen út en rint nei it kantoarke en kloppet op de doar. “Ja”, ropt master en Arjen triuwt de doar iepen en sjocht master sitten efter syn buro. “Tsjonge noch ta”, seit master, “kom, dat stiet master oan. No mynhear, kom mar wat tichteby soe ’k sizze.” Hiel hoeden rint Arjen nei master ta en sjocht him oan. “Master, ik woe sizze dat it my ôfgryslik muoit en dat ik it nea wer dwaan sil.” “O wat is er leaf”, seit master, mar Arjan fielt syn lilkens. En dan is it ynienen tonger en ûnwaar by master; hy slacht mei de fûst op ’e tafel en dan stiet er flak foar Arjen en skoddet him hin en wer as in fersûpte kat. Dan is de tongerbui oer en seit er: “Draai dy om, mei it antlit nei de doar.” Arjen docht it en spant de broek. “Fjouwer stappen nei foaren”, seit master en docht de doar iepen. Dan rint er Arjen wer foarby en nimt ek noch in oanrin en jout him sa’n traap ûnder de kont, dat dy fljocht troch de doar, knoffelet yn de gong en dan, boem sa tsjin in doar op mei it opskrift Jongens. Master stiet efkes te sjen en as er sjocht wêr’t Arjen tsjin oan knalt en it opskrift lêst, seit er: “Jonges, se helje je it bloed ûnder de neilen wei”, en dan docht er de doar ticht.

Boarne: Frysk en Frij
Neiferteld troch Jangerben Mulder

july 11, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.