It skoalfak Frysk wurdt fernijd

july 10, 2020 20:23

Foto: pixabay.com

It skoalfak Frysk moat oars. Dat is it betinken fan de provinsje Fryslân. Dy hat dêrom oan meartalichheidssintrum Cedin yn Drachten frege om it fak op ‘e nij te ûntwerpen. Der lizze no wat konsepten fan plannen. Sa is it doel dat bern it Frysk aansen mear yn ‘e praktyk leare ynstee fan altyd yn aparte lessen.

Dêr is net elkenien entûsjast oer. Dosint Frysk Pieter Duijff seit yn it Frysk Deiblêd: “Mei sa’n beskieden plak foar puere taalfeardigens kinne skoallen dit learplan oangripe om sa min mooglik oan Frysk ûnderwiis te dwaan.” Oare kritisy wize derop dat it Standertfrysk oan ‘e krapperein komt en dat it nije skoalfak it Frysk net gelyk behannelet as it Nederlânsk.

july 10, 2020 20:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.