It Sinteklazemearke en de mytology

july 4, 2020 10:04

Skôging

Odin riding Sleipnir. Yslân, 18de iuw. Boarne: Wikimedia commons)

En dan begjin july sitte wy, om’t de aksjegroep KOZP net it fatsoen hat om de wrede dea fan de safolste swarte Amerikaan net oan de platte diskusje oer it Sinteklazemearke te keppeljen, te debattearjen oer de kleur fan de feint yn dat mearke.

Dan wachtsje jo op histoarisy mei wat lef. Mar sokken litte de fûle diskusje graach oer oan ‘e minsken, dy’t net te beroerd binne harren nekke út te stekken. Ek midden yn ‘e simmer moat der antwurd komme op it roppen en razen fan aksjefierders dy’t hawwe wolle dat de kleur fan dy feint rasistysk is.

Dêrom soene wy dy figuer út dat mearke helje of him op syn minst yn in kleur fan de reinbôge sminke moatte. Mar as jo in mearke fan in beskate figuer berôvje dan kloppet it ferhaal net mear. Jo helje de heks – hekseferbrâning – dochs ek net út Hâns en Grytsje, om’t it sa’n grouwélich ferhaal is.

Ynteressearre yn Europa en syn skiednis, fûn en fyn ik it krekt knap fan de skriuwer Jan Schenkman dat hy om 1850 hinne by it behoffenjen fan it Sinteklazemearke fêsthold oan it oanbegjin fan it ûntstean fan de Europeeske figueren om Sinteklaas hinne, dy’t allegearre weromgripe op it Wodanferhaal út de Noardske mytology.

Yn de Alpen fine wy de figuer Krampus, yn Dútslân Ruprecht en yn Itaalje sydlings de heks Befana.

Yn de earste twa útjeften fan syn ‘Sint Nicolaas en zijn Knecht’ ride nota bene sawol feint as Sinteklaas op in hynder oer de dakken. Hoe mearke-eftich, hoe mytologysk wolle jo it hawwe. Moatte wy ús dêr somtiden in slaaf op dat hynder troch de loft foarstelle?

As de druk fan roppen en razen grut – te grut – wurdt, is it dreech om as ‘maatskiplike’ organisaasjes dêryn net mei te gean. Ommers in stânbyld kin nei it museum as de figuer net mear foldocht, mar in mearke? Wy kinne sa’n mearke dreech yn it museum sette. Wy kinne fansels wol ophâlde om it – no stadichoan hieltiten mear kommersjele – mearke oan ús pakesizzers te fertellen.

De gjalp ‘black face’ hat neat, mar dan ek hielendal neat, mei de Europeeske kontekst te krijen. Foar’t wy it witte, binne wy mei sokke gjalpen dwaande om de link mei dy Europeeske skiednis nei gychem te helpen.

Mei dy feint dan net wat minder swart? Jawis wol, der binne tusken swart en wyt genôch griistinten dy’t mei roet te meitsjen binne. Mar tink mar net dat jo dêrmei de diskusje ta de ein bringe. KOZP hâldt wier net earder op as dat dy feint witer is as wyt, nota bene de kleur fan de ‘oerhearsker’.

Minsken hâld op mei symptoombestriding en knip dy link tusken it Sinteklazemearke en de Europeeske mytology net troch.

Cor Jousma – Feanwâlden

Dit artikel stie op 2 july 2020 as Te Gast yn ‘e Ljouwerter Krante.

 

july 4, 2020 10:04
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Joute De Graaf july 4, 17:12

    In hiel goed stik fan Jousma. Spitich dat dy lju fan KOZP gjin Frysk lêze kinne. Lykwols dogge populistyske politisy mei oan de gekte

  2. Cor Jousma july 7, 11:14

    Bêste De Graaf, tige tank. Ik haw dizze skôging en it eardere stik https://www.itnijs.frl/2019/12/it-roet-as-kamuflaazjemiddel/ skreaun om oanwizingen dy’t mei in bytsje geduld te finen binne, foar it ljocht te heljen.

    KOZP’ters binne net mear mei sokke arguminten te berikken!

  3. Jan A. Schulp july 8, 13:33

    De kristlike tradysje wol it ek wol ha dat Swarte Pyt ien fan de bern wie dy’t troch Sinteklaas út’e pikeltobbe rêden is.
    En yn elts gefal: KOZP is út op de folsleine ûndergong fan de Nederlânske kultuer. Allinnich al dat se te beroerd binne om in Nederlânske namme te brûken. Yn petear gean mei dizze lju is wol it stomste en it lêfste wat Rutte dwaan kin.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.