It Sinteklazemearke en de mytology – in reaksje

july 8, 2020 10:57

Skôging

Spitich dat yn de diskusje oer Swarte Pyt in artikel opnommen wurdt dat oan de diskusje gjin positive bydrage leveret. Der wurdt in stânpunt ynnommen sûnder romte foar nuânses.

It Sinteklazeferhaal is folkloare, is dat wat ‘it folk kreëarret’, en is hast per definysje oanhelle mei feroaring. Ut in gearmjuksel fan ûnderdielen út de tsjerklike lear, folksleauwe en mytology is it ferhaal ûntstien sa’t wy dat no kenne. Dat jildt ek hiel dúdlik foar de rol fan Swarte Pyt dêryn. Troch de tiden hinne hat Sinteklaas yn it selskip west fan swarte figueren. Dat wienen gjin swarte feinten, mar skrikfigueren, duvels, dy’t troch him yn betwang holden waarden. Ek sels hat er him wol as skrikfiguer sjen litten. Mannichien wit noch fan de Sinteklaas dy’t rammeljend mei keatlingen op it rút bûnze en mei in grêfstim frege: Binne hjir ek ûndogenske bern?

Dan wurdt it 1851. It ferneamde boekje ‘Sint Nikolaas en zijn knecht’ fan Schenkman ferskynt. Foar it earst komt de hillige dan út Spanje en hy kriget in kleurde feint – in feint dy’t troch de jierren hinne donkerder wurdt en oan de ein fan de 19de iuw de namme Swarte Pyt kriget. Oft Schenkman by de feint tocht hat oan it ferline of dat er him liede litten hat troch wat yn it koloniale tiidrek hiel gewoan wie, witte we net.

As helper fan Sinteklaas groeit de feint út ta in swart mantsje, dom en wreed. Undogenske bern gean yn ’e sek en wurde meinommen nei Spanje. Dom en wreed bliuwt er net. Under ynfloed fan û.o. pedagogyske opfettingen wurdt Pyt, benammen nei WOII, aloan slimmer en it karikaturale fan it uterlik giet derôf.

En no moat Swarte Pyt neffens KOZP hielendal ferdwine, omdat de gedachte oan de slavernij alle jierren wer oproppen wurdt.

Kick out Swarte Pyt. Dat is neffens de skriuwer fan ‘It Sinteklazemearke en de mytology’ in probleem omdat dêrmei it Sinteklazeferhaal nei gychem giet. Dat is in misfetting. Sinteklaas bestie al hiel lang ear’t Swarte Pyt foar it fuotljocht kaam. Hy ferskynde, wêrom soe er net likegoed wer ferdwine kinne? Dat past by in folkloristysk ferhaal.

Foar foar- en tsjinstanners soe jilde kinne: gun de tiid de tiid.

We binne ûnderweis, liket my sa ta.

Sieger Bijsterveld, De Jouwer

july 8, 2020 10:57
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma july 9, 12:19

    [En no moat Swarte Pyt neffens KOZP hielendal ferdwine, omdat de gedachte oan de slavernij alle jierren wer oproppen wurdt.]

    Soe it misbrûkslachtoffer net alle jierren konfrontearre wurde mei it byld fan in biskop dy’t bern op ‘e skurte hat? 

    Ik daagje KOZP út om mei konkrete oanwizingen te kommen dy’t Schenkman oan rasisme keppelje en bin fansels altiten ree om mei harren yn diskusje te gean. Mar sûnder dy konkrete oanwizingen komme wy yn de hoeke fan opstokeljen…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.